1956

Yttje Cnossen har twadde moannegedicht fan febrewaris

Foto: Geart Tigchelaar
1956

klimaatferoaring gjin mins hie der noch oan tocht
wiene de simmers waarm, de winters kâld as roet
in breiden himd, in krante ûnder de trui wie goed
genôch by it riden oer de fearten rjocht en sljocht

nachts wiske de snie tsjin de doaren oan
in flokkedûns brocht in wyt ferhaal
hoasfuotlings foar it ljocht yn eigen tekentaal
it wie sa fier de alvestêdetocht gong oan

mei heit en mem op dy kâlde dei fol fjoer
joecheide ik yn ’e Prinsetún by de Aldehou
fiif reedriders skoden as kralen oan in tou
dêr hân yn hân de izige einstreek oer

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *