Elmar Kuiper syn tredde moannegedicht fan jannewaris

Gers en snert Immen hie yn Lucy har dreamen it gers meand. Eva miende dat de wask al strutsen wie. Joyce waard deawurch wekker. Wolken dreaunen as ripe druven oer it lân. Wybrich rûn in ein mei har hûn en ‘Handhaving’ frege oft se genôch skytpûdsjes by har hie. Stella krige in narsisme-ynfarkt. Rob leaude net yn de geast. Wiebe himmele syn pagina rigûreus skjin. Jacco rôp aktivisten, twivelders, ûntkenners, boeren, boargers, fantasten en wittenskippers op om nei te tinken oer ús takomst. It hillige fruit bedoar. Elske tocht oan de hongerwinter. Bart lies yn The Times in healwiis ferhaal oer nazy-feilingen. Erik miende dat in ljochtstriel, dy’t rjocht út in wolk kaam, in tankstasjon reitsje koe. Lieuwe soe snert ynslaan. Anouk sloech mei de koarts yn ’e bealch op in Boeddhistyske gong.