Maart 2020

Iensum

Op 4 maart 2020 lies Dichter fan de moanne maart Carla van der Zwaag it fers Iensum foar by IepenUp. It tema wie ‘Iensumens’. Dit is har earste moannegedicht.   Iensum Ik swim rûntsjes Tusken wjirjend wier en Stiennen hûske Ferrinnewearre slacht myn hert Grien bemoaze út Yn beslein finsterglês Skowe minsken troch it byld …

Covid-19

It twadde moannegedicht fan maart fan Carla van der Zwaag Covid-19 Ik sjoch de wrâld ferfoarme troch eachwetter wylst it foarjier blêdsjes útteart. Ik sjoch in sweltsje twinkeljend yn skjinne loft sy bout har nêst ûnder ’t ûleboerd hâldt nearne skoft. Ik hingje efter boereploech in kritende mok allyk klamp my fêst oan de foaroanman …

PrrrrrTuuuu

It tredde moannegedicht fan maart fan Carla van der Zwaag   PrrrrrTuuuu PrrrrrTuuuu Ien twa PrrrrrTuuuu ien twa of is it prrrrtieee ik kom der mar net efter it lûd wurdt al wer ynhelle troch in oar lûd Puumpuumpuum Puumpuumpuum in hammer slacht my yn de breinpanne om folge troch in trein dy’t myn iene …

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *