Bysûndere festivaljûn mei poëzij, essay-foardrachten, muzyk & dûns oer de dichter Obe Postma en syn leafde foar it Fryske lânskip.
Op freedtejûn 26 juny fynt yn de Bonifatiustsjerke yn Koarnwert de festivaljûn Ode oan Obe plak. It is in Ode oan Obe Postma en syn leafde foar it lânskip. Mei poëzy, sprutsen essays, muzyk en dûns wurdt earbetoan brocht oan wittenskipper en dichter Obe Postma, dy’t yn Koarnwert berne waard en dêr ek begroeven leit.
Obe Postma jildt as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Syn wurk is bot ferbûn mei it Fryske lânskip, it oantinken oan syn jeugd en it doarp Koarnwert. Krekt op syn stjerdei wol dizze jûn syn literêre erfenis op ‘e nij ta libben bringe. De tsjerke wurdt dêrmei wer in plak foar taal en muzyk, moeting en mienskip.
De keunstners dy’t in bydrage leverje oan it programma ferhâlde har op ferskate wizen ta it wurk fan Obe Postma en syn leafde foar it lânskip. It Frysk en it Nederlânsk klinke neistinoar.

Dichters: Jabik Veenbaas, Arjan Hut, Peter Swanborn, Tryntsje van der Steege, Dien L. de Boer Pianist: Kanako Inoue Dansers: Hinako Yukimoto en Lara Szymanski Canaro
Ode oan Obe wurdt organisearre troch Stichting Kerk en Toren Cornwerd yn gearwurking mei Stichting Dichter op de Deel in Eksmoarre. De jûn past binnen de bredere ynset om de restaurearre Bonifatiustsjerke fan Koarnwert net allinnich as monumint te behâlden, mar ek as libbene kultureel moetingsplak foar de regio.
* Yn it Frysk en Nederlânsk
* Bonifatiustsjerke Koarnwert
* Oanfang 20.00 oere, ynrin fan 19.30 oere ôf
* Entree € 10, –, kontant of mei QR-koade
* Nei ôfrin: buorrel en moeting

