bandeleas

Jan Kooistra syn earste moannegedicht fan maaie 2020.

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

bandeleas

dêr’t ik lânskom stiet alles op springen, fine
siedders har paad, moatte wer op tsjin ’e stream
ik lis lekkens op ’e blikke, hingje klean op ’e line
de houtdo op ’t nêst yn de âld’ hagebeam

dêr’t ik tahâld tilt it op fan it piipkrûd, ferskine
de sweltsjes yn ’e loft, rûkt de nageltsjebeam
yn it hôf by in pleats wer kealtsjes oan ’e line
guon dingen bliuwe, lykas dingen yn in dream

ik kediis oer de wyn, lit ’m út it suden waaie
de sinne is op myn hân en myn sin is suver
ek al binne dingen frjemd, binne tiden nuver

ik bin net bûn oan ’e wetten, ik bin Maaie
ik lit de bijen dûnsje en de readboarstjes sjonge
kin it net litte, pisje de hiele wrâld oer de tonge

One Reply to “bandeleas”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *