April 2019
Semana Santa
Hjoed op Goedfreed it earste moannegedicht fan Gerrit de Vries, ús dichter fan de moanne april. ‘Semana Santa’ rekket oan guon aktuele saken dy’t yn dizze Goede Wike, de wike foar Peaske, plakfûnen. Semana Santa yn Southampton is it krekt 120 jier lyn dat Mary Anne Rogers har libben joech foar oare passazjiers fan fearboat …Oer kanarjes
Hjoed it twadde moannegedicht fan ús dichter fan april Gerrit de Vries. Oer kanarjes eartiids yn de koalemyn hong in koaike yn de galerij siet efter traaljes in kanarje koalmonokside tekoart oan soerstof myngas wie in gefaar de mynwurkers wisten as it fluitsjen ophold dat der wat net doogde beppe hie twa kanarjes …Maart 2019
Bestean en net
Troch it gedicht ‘Rigels‘ fan dichter Jacobus Smink (okkerdeis ferskynd op Ensafh) skeat Edwin de Groot, by RIXT moannedichter fan maart, in gedicht fan himsels yn it sin. In fariaasje op de problematyk fan Jacobus. Der binne rigels, mar tagelyk binne se der net. Sa as Ettore Majorana, de geniale natuerkundige al yn de foarige …Wat mear tuike oan, net ôfstappe
Hjoed it tredde moannegedicht fan Edwin de Groot, ús moannedichter fan maart. Syn yntroduksje ta it gedicht: ‘In minske hat twa earen, twa eagen, twa nieren en ien lever, mar dy lêste hat noch wat regeneraasjefermogen. Fan de motor, it hert, hat de stjerling mar ien en wat stikken is, is stikken. Dan is it …Febrewaris 2019
It heitejier
6 febrewaris 2019 It is hjoed presys twa jier lyn dat ús heit ferstoar. Oer it gegeven, it ferstjerren fan ’e heit, dêr’t elk in kear foar komt te stean, of men moat sels al earder gean, skreau ik in syklus fan tolve fersen: It heitejier I o/m XII. Dy syklus is opnommen yn myn …Fantastic plastic
Janneke Spoelstra har twadde moannegedicht giet oer plestik. In ûnderwerp dat hieltyd aktueler wurdt. Justerjûn 13-02-2019 by Iepen Up Live stie de hiele jûn yn it teken fan Plastic Fantastic. Janneke slute de happening ôf mei har gedicht ‘Fantastic Plastic’. Geart Tigchelaar wie derby en filme it. Fantastic Plastic De krêft fan plestik learde ik …Jannewaris 2019
Ik sing tun de sin
Hjirûnder, yn it Biltsk, it earste moannegedicht fan Hein Jaap Hilarides, ús dichter fan de moanne jannewaris. Ik sing tun de sin Ik sing tun de sin, niet tun ’t bestaan fan ôflopen jaar. Nee, ik sing foor ’t dinken dat altyd an de tând foeld worre mot om bij de fantasy te bliven, ferbeelder …Piepskúm en de konteners fan ôns kônsumpsymaatskappij
Hein Jaap Hilarides syn twadde moannegedicht fan jannewaris. ready made over Zoe, ’t kontenerskip dat nijjaarsnacht boven de Waddenailanden 291 konteners wegbrocht het Piepskúm en de konteners fan ôns kônsumpsymaatskappij 1 Op Tessel spoele kúpstoeltsys en auto-onderdelen an; op Flyland lattebooiems, kúpstoeltsys, oprôlde fleece-dekens en drie hele konteners; op Terskelling bergen speulgoed, auto-onderdelen, klapstoeltsys en …Continue reading "Piepskúm en de konteners fan ôns kônsumpsymaatskappij"

