It twadde moannegedicht fan maart fan Carla van der Zwaag

Covid-19 Ik sjoch de wrâld ferfoarme troch eachwetter wylst it foarjier blêdsjes útteart. Ik sjoch in sweltsje twinkeljend yn skjinne loft sy bout har nêst ûnder ’t ûleboerd hâldt nearne skoft. Ik hingje efter boereploech in kritende mok allyk klamp my fêst oan de foaroanman dy’t yn wrimpen grûn de fuorgen lûkt. Ik rin yn in lege ferfrjemdzjende stêd yn ’e winkel tôgje ik myn karre fol mei iten en húskepapier as wie it goud. Ik ferfang tuten troch earmtakken hâld ôfstân fan hjir oant Tokio myn bûsboekje is leech myn holle net. Ik wit net hokker kleed ik oer my krij mar besykje mei hantsjeklap geasten te ferjeien en helpferlieners te stypjen. Ik bin it berntsje yn de groppe heit en mem binne fier fan hûs ik kin se net beroppe – yn stillens wachtsje ik thús.
Wat moai Carla!