It earste gedicht fan de moanne febrewaris, fan Yttje Cnossen.

Corona út it lân fan de rizende draak komt slûpendewei as in dief yn ’e nacht de ûnsichtbere yn ’e namme fan ’e kroan leit de hân op ’e klink fan mannich doar as in mûnster mei tûzen koppen sjit er fjurrige pylken oer it lân boazet oan as de wyn oer de see triuwt syn drinkeldeaden op it strân fljochtet mei de rebellen oer de stêden stjoert kringige krigers oer it gea dropt fan in firus syn klusterbommen yn fûgels en folk yn heiten en memmen dy’t belies jout nimt er geweken kwastet de skiere wangen read docht it bloed yn ’e ieren sieden bliuwt in mystearje jout him net bleat fia Spanje en Dútslân snaait er in Belch in man rydbosket in frou falt derhinne jongelju binne in blêd foar de mûle eltsenien roeit mei it spit yn ’e grûn wêr bliuwt de ridder dy’t dit mûnster keart mei in serum as twasnedich swurd dy’t de minsken ferlost fan eangstme en sear dy’t de fjoerspuiende draak byt yn ’e sturt