In krystgedicht fan moannedichter fan desimber Sipke de Schiffart.

kryst mei de bern op earste krystdei hie ik de bern fan myn eks, harren mem wie by har nije freon oan de ein fan de middei stie ik yn de iepen keuken iten te sieden: sykje mar wat krystmuzyk op, sei ik tsjin Suze de laptop wie op de telefyzje oansletten en sy fûn op YouTube in medley fan popkrystferskes ik hie ferskes as Stille Nacht, Heilige Nacht en Ere zij God en Nu zijt wellekome yn gedachten, mar goed ûnder Last Christmas fan Wham! tocht ik: wie de iepen keuken mar ticht is der net wat oars? frege ik Marie sette Boef op en kaam yn de keuken meisjongen sjonge? rappe! die prijzen gaan omhoog, die kech naar beneden tusken it rappen troch lei se út wat de Marokkaanske wurden betsjutten myn iten lêsten se net, ik hie sa goed as foar neat kôke, Suze bestelde patat en frikandel mei mayo en Marie in pizza salamy wylst ik siet te iten, wachten sy op harren bestelling doe’t ik it op hie, waard harren krystmiel besoarge wylst sy sieten te iten, socht ik op YouTube nei echte muzyk, ik fûn Es ist vollbracht songen troch Dietrich Fisher-Dieskau harkje famkes, dit is de earste kear dat jim Bach hearre se ieten braaf fierder as ik deagean, wol ik dat dit draaid wurdt op myn begraffenis gjin reaksje de lêste, kâld wurden patatsjes en de lêste stikjes pizza salamy wienen foar Tokki, de boarre dy’t omtrint alles yt nei it iten, doe’t ik de ôfwask die, siet Suze achter de pc en lei Marie op de bank mei har smartphone út de iepen keuken wei seach ik op it telefyzjeskerm in tige gewelddadige fideoklip fan Rammstein – Ich Will ik gong nei de keamer om it lûd sêfter te setten, doe seach ik dat it filmke yn fjouwer jier tiid op YouTube al 172 miljoen kear besjoen wie nei alle gedachten faker as alle kristlike krystferskes en Bach-Cantates byinoar