loftspegeling

Foar de Ferhalejûn op 15 novimber 2019 waard RIXT frege om fiif dichters op ‘en paad te stjoeren en poëzy by ferhalen te skriuwen. De gedichten binne klear en wy publisearje se dizze wike op ús webside. Hjoed de tredde, fan Henk Nijp.

Henk Nijp wenne de Ferhalejûn yn Bears by, op in pracht lokaasje: yn it tsjerkje njonken it ‘staketsel’ fan de eardere Uniastate en ûnder de âlde poarte fan dat slot, dy’t der noch altyd stiet. Der waarden trije ferhalen ferteld, tige ferskillend fan aard.

Foto: Henk Nijp
loftspegeling

in goudûle sweeft oer it hôf
bringt it ferhaal fan tsjuster
wit fan gjin hikkehipper
pankoeksrein of wetterhazze,
knipt út in sêne fan Jeroen Bosch

oer glêde gieltsjes knoffelje ik
as in blineman op ’e poarte ta
in bonkerak yn blau mearkeljocht
spat út ’e ierde op,
in wolveman giet op jacht

letter op ’e serken moetsje ik
in âld pryster dy’t it leauwen ferlear,
in gregoriaanske sjonger dy’t der
langer neat fan witte wol en in frou
fan in bulte wurden en âlde kranten

healwei de toer driuwe
kâlde blommen en izige tochten
tiden fan alearen út it stof omheech,
kringelet de rook fan prottelkofje
dizige boppekeamers yn

dan slacht de toersklok tsien
ik stommelje de steile treppen del,
fjurkes bûten sykje om ’e ein
de ûle ropt har rop hoar oer ’t hôf,
ik set ôf, yn ’e fierte spûkgûlt in wolf


Seane pyk

Foar de Ferhalejûn op 15 novimber 2019 waard RIXT frege om fiif dichters op ‘en paad te stjoeren en poëzy by ferhalen te skriuwen. De gedichten binne klear en wy publisearje se dizze wike op ús webside. Hjoed de twadde, fan Carla van der Zwaag.

Carla van der Zwaag besocht de ferhalejûn yn Skingen. Yn de húskeamer fan Wiep Kingma wiene ferskate fertellers. Carla brocht it werom ta ien gedicht.

Foto: Geart Tigchelaar
Seane pyk

Yn húskeamersfear
wurde ferhalen ferteld
buorman hâldt alfêst in pleit
oer Duracel en Durex

it aai mei seane pyk
dat de frijer – dy’t foar
’t earst by de faam thús
te iten is –
mar net fuort krige
nei wat omspinfuotsjen
slagget it him en koarje
it deade pykje bûten
oer de hage út
ik wie bliid dat ik myn
TENA-lady yn hie

as de kat lâns har
skynbonke streaket
ferhellet in oar oer
in sopstien ta sop
fan swier wêzen fan de fjirde
en oer heit syn ôfbaarnde pleats

allinnich beppe en de kealtsjes kamen om


Oanreitsje

Foar de Ferhalejûn op 15 novimber 2019 waard RIXT frege om fiif dichters op ‘en paad te stjoeren en poëzy by ferhalen te skriuwen. De gedichten binne klear en wy publisearje se dizze wike op ús webside. Hjoed it earste fan Edwin de Groot.

Edwin de Groot swalke by de Ferhalejûn op ’e Jouwer om, ûnder oaren yn it Jouster museum. Hy hat besocht om wat er dêr hearde ta poëzy te bringen. Edwin de Groot: ‘Wy hawwe ferlet fan ferhalen. Om de wrâld begripe te kinnen.’

Foto: Geart Tigchelaar
Oanreitsje

noflik is it as der yn in relaas sprake is fan in barmhertige ôfrin
krekt as dat by in gedicht de lêzer minlik ôffierd wurdt
yn in floeiend ritme of fernimstich rym

de jongfeint dochs it famke krijt, better noch: de leafsten elkoar
de pot mei goud fûn, de seefisk wer swiet wetter priuwt
de boeven en de judas yn ’e boeien
de puppys in waarm hûs

en as der praat is fan lijen, kommer en smert, dy ynfielend
werkenber binne, sichtber mei de noas tsjin ’t glês
troch de hûd passe omdat immen
in ferhaal feroarsaket

de wrâld hoecht net ûnbeflekt, in bytsje goed fallend
dat soe al geryflik wêze en gerêststellend
ast him oanreitsje kinst


moeting

Froukje Reitsema:

in gedicht oer in moeting dy’t my djip yn it moed taaste. In werklik stikje ‘film’ út in kuier yn de Cevennes, maaie ’18

Foto: Geart Tigchelaar

 

moeting

twa hannen oan ’e hikke, ien foet mar
d’ oare, myn liif befrear, stûke yn de loft
neat wie yn beweech te krijen, alles stiif
ien mei ’t hikkehout, as út itselde snien

hy seach my oan en hifke my, ik him
fiif tellen wiene wy allinne, hy en ik
hy sloech as earst’ de eagen del en gie
ik stie noch as beferzen, it stek en ik twa-ien

syn sturt mei wite punt dûnse foar myn eagen
doe trillen planken, skodden skonken
ik slokte, hapte nei de siken en soe falle
mar ik sprong, ik moast him folgje nei syn hoal

ik woe him kenne, witte fan syn wrâld
mar ’k wie him kwyt, it moast yn ien haal helder wêze
dat inkeld stuit wiene wy deselde, ien
sa eigen koe net earder moete witten wêze

kryst mei de bern

In krystgedicht fan moannedichter fan desimber Sipke de Schiffart.

Foto: Geart Tigchelaar

 

kryst mei de bern

op earste krystdei hie ik de bern fan myn eks,
harren mem wie by har nije freon

oan de ein fan de middei
stie ik yn de iepen keuken iten te sieden:
sykje mar wat krystmuzyk op, sei ik tsjin Suze

de laptop wie op de telefyzje oansletten
en sy fûn op YouTube in medley
fan popkrystferskes

ik hie ferskes as Stille Nacht, Heilige Nacht en
Ere zij God en Nu zijt wellekome yn gedachten, mar goed

ûnder Last Christmas fan Wham! tocht ik:
wie de iepen keuken mar ticht

is der net wat oars? frege ik

Marie sette Boef op en kaam yn de keuken meisjongen

sjonge? rappe!
die prijzen gaan omhoog, die kech naar beneden

tusken it rappen troch lei se út
wat de Marokkaanske wurden betsjutten

myn iten lêsten se net,
ik hie sa goed as foar neat kôke,
Suze bestelde patat en frikandel mei mayo
en Marie in pizza salamy

wylst ik siet te iten, wachten sy op harren bestelling

doe’t ik it op hie, waard harren krystmiel besoarge

wylst sy sieten te iten, socht ik op YouTube
nei echte muzyk, ik fûn Es ist vollbracht
songen troch Dietrich Fisher-Dieskau

harkje famkes, dit is de earste kear dat jim Bach hearre

se ieten braaf fierder

as ik deagean,
wol ik dat dit draaid wurdt
op myn begraffenis

gjin reaksje

de lêste, kâld wurden patatsjes
en de lêste stikjes pizza salamy wienen foar Tokki,
de boarre dy’t omtrint alles yt

nei it iten, doe’t ik de ôfwask die,
siet Suze achter de pc en lei Marie op de bank
mei har smartphone

út de iepen keuken wei seach ik op it telefyzjeskerm
in tige gewelddadige fideoklip fan Rammstein – Ich Will

ik gong nei de keamer om it lûd sêfter te setten,
doe seach ik dat it filmke yn fjouwer jier tiid op YouTube
al 172 miljoen kear besjoen wie

nei alle gedachten faker as alle kristlike krystferskes
en Bach-Cantates byinoar

Wingewest sinne

Miljeuridder en dichter Geart Tigchelaar is plat foar sinnepanielen en oare wizen fan alternativen om fan de fossile brânstoffen ôf te kommen. Lykwols soe soks mei mear belied (sinnepanielen op dakken bgl.), oerlis en fyzje moatte. Oftewol mei justjes minder ekonomyske driuwfearen.

Klik hjir en hjir foar mear ynformaasje.

Foto: Geart Tigchelaar

 

wingewest sinne

de sinne giet foar neat op
klinkt it út de kielen fan âlde profeten

krekt dêrom is it sa’n leuk fertsjinmodel
klinkt it út de kielen fan enerzjike bazen

wat moat der fan my wurde
klinkt it út ’e ierde wei
mei al dy peallen my yn ’t liif en fel fertrape

moatst net altiten sa seure
klinkt it út de kielen fan arbeiders
wês dan ek net sa goederjousk

mei ik der ek wat fan fine
klinkt it út ’e himel wei
ik moat dit allegear mar machteleas oansjen

wês dan ek net sa achteleas
klinkt it út de kielen fan gewoane minsken
wy binne it dy’t dokke moatte foar de transyzje

haw ik dêr dan ek baat by
klinkt it út ’e ierde wei
ik moat it ynkassearje

salang’t wy trochgean kinne
klinkt it út alle kielen
silstû it wol oerlibje hear