City of literature

 

Tsjisse Hettema reagearret op it feit dat Ljouwert City of literature wurden is.

Foto: Geart Tigchelaar
City of literature
city of light
sitty of ferjitty
worldwide
ferlies oan wurden
sa rekket de taal it ús oan
dat er ferdwynt
ús krewearjen hoe lyts ek
de seedyk en alles sil it net keare
skriesleaze greide, heide, natoer
mei dyn fjoerreade rêst
meist oergroeide benearing net lêst
it útropteken dwêste

© Tsjisse Hettema

Lilke mûne

Cornelis van der Wal skreau in klimaatgedicht.

Foto: Geart Tigchelaar

 

Lilke mûne

De wynmûne yn ‘e fierte liket te bewegen:
it triljen fan jo wurge âlde eagen, of

komt er tichterby? Faaks is it in grimmitige
swarte wolk dy’t it wanskepsel omtriuwe wol.

Fûgels fleane harsels dea tsjin wrede wjukken,
ienris griene fjilden moatte gouden strielen heine.

It leksum wurdt jo opsein troch in lilk klimaatfamke.
Ferrinnewearje ús âld lânskip mar mei waansin.

generaasjekleau

Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne desimber by RIXT

Foto: Geart Tigchelaar
generaasjekleau

ús heit wie in âlderwetske boer,
hy gong moarns om healwei fjouweren
oan’ t wurk
en ferwachte fan my itselde

mar ik wie in heale ieu jonger
en gong jûns let op bêd,
nei’t ik sjoen hie nei
Veronica en de VPRO,
dêrom kaam ik moarns letter fan ’t bêd ôf

no tink ik: tusken fiif en seis oere derôf komme,
dat is noch altyd tige betiid
foar in jonge fan om de tweintich hinne

moarns ier fierde ik in striid
om wekker te wurden, alle moarnen
waard ús heit lilk op my,
omdat ik net avesearre

op in moarn (no tink ik: middenyn de nacht)
yn desimber 1980 kaam ús heit
om healwei fjouweren oan myn bêd
mei de meidieling dat Mick Jagger
deasketten wie yn New York

it berjocht hie it winske effekt:
ik wie fuort sa wekker as in hazze,
tefreden gong ús heit werom nei de stâl
om it fee te fuorjen

mar doe’t ik op de wekkerradio
hearde dat John Lennon delsketten wie,
net Mick Jagger,
draaide ik my nochris om
en foel wer yn ’e sliep

No tiisdeitemiddei 17-12-19 sil Sipke de Schiffart foarlêze by it krystbarren fan de personielsferiening fan de Fryske Akademy.

Wêr’tst sitst yn ’e kano

Edwin de Groot skriuwt: okkerdeis haw ik in operaasje hân yn Swol en seach ik wer ris wat technysk allegearre wol net mooglik is. Dat wy dy technyske mooglikheden lykwols net allinne foar ús heil en segen ynsette is ek evidint en meie wy ús lokkich priizgje dat wy it (noch hieltiid) goed treffe yn Nederlân. Der binne genôch dy’t nearne om frege hawwe en de sjit oer har hinne krije. Dus wat seure oer saken lykas fan 130 nei 100 en hoe swart is in Pyt no eins as it wurk derop sit is wol hiel lúks, as ik sa frij wêze mei. De ferdieling fan lok is wol wat op oan te merken.

Foto: Geart Tigchelaar

Wêr’tst sitst yn ’e kano 

ik haw in hert, dat kloppet, mar geregeld spint it ek
as in poes op ’e skurte fan in minskebern
dat is net goed; fan dy poes wol
fan it hert net

wat men allegearre wol net kin mei it drukken op knoppen
dokter sei neiertiid dat alles prima ferrûn wie
ik sei dat de pine my tafoel

werom op seal haw ik in bêd hiel lúkse yn alderhanne stannen
en in TV mei in rolkrante mei dêrop de beurskoersen
win some lose some en tuskentroch it nijs
eat oer drones en hjitte hei

bern op in skoalplein
en in druk op in knop

Sipelskilen

Ofrûne woansdei trede dichter Christa Niklewicz op by IepenUp Live. De jûn gie oer Fair Saturday, in dei fan kultuer as reaksje op it massakonsumearjen fan Black Friday. Hjirûnder folget de Fryske oersetting fan it gedicht dat Christa spesjaal foar dy jûn skreau. Dêrûnder de fideo-opname mei it Nederlânske gedicht. De Fryske spoken word ferzje kinst hjir hearre.

Sipelskilen

Ik keapje ’n keapje ’n keapje ’n keapje
Op nei in sinniger libben
Foller
Folslein
Fol                            dien
Tefreden mei wat ik haw

Ik sit yn myn keamer
Streakje de griene wol fan myn farske sokken
Folgje de rûning fan in heal útpakt glês
Mei om my hinne sekken en doazen en tassen

Sa bliid dat ik dit haw, en dat en soks en wat!

Mei al dat moais om my hinne
Bliuw ik as in sipel yntakt
Hoe sil ik sûnder myn skilen
Myn guod~libben slite?

Want dit is wa’t ik bin
Goed he!
Wat guod docht
Moai spul
Makket my fol
It fleuret, jout nocht

En soesto oait
Myn skilen
As rokken ôffallen sjen

Hakje my dan
Yn moatsjes mar fyn
Mei mayo en kurry
Bin ik likegoed spesjaal

© Christa Niklewicz
Skreaun foar IepenUp/Fair Saturday – 26 novimber 2019
Fryske bewurking: Syds Wiersma



Balloërfjild

Jan Kooistra syn twadde moannegedicht fan novimber.

Foto: Jan Kooistra
Balloërfjild

op it Balloërfjild bout men gjin bunkers
der sille net samar raketten ynslaan
bout men gjin muorren, set men gjin hikken

op it Balloërfjild binne gjin demonstraasjes
is gjin swart en gjin wyt, gjin jachtsjen en
jeien, gjin geweld en gjin argewaasje

op it Balloërfjild is gjin pine of toarst
gjin earmoed of sykte, gjin oergeunst
gjin memmeleas bern sûnder in moarn

op it Balloërfjild sliepe de deaden yn
har oerâlde grêven want se witte dat letter
gielfinken en skriezen fan fierens wer komme

op it Balloërfjild gûle let yn novimber
altyd de beammen, binne dêrom
de dagen sa stil op it Balloërfjild?

Bomfoto

De gemeente Súdwest-Fryslân liet in grutske foto meitsje fan it kolleezje fan B&W, dy’t by it meitsjen miskien al in profetyske krêft hie. Wêrom? Dat beskriuwt Syds Wiersma yn in gedicht by de fameuze foto. De foto fine jo hjir.

 

Bomfoto

De fotograaf smyt in net om ’e tiid.
De styliste, in profete, set de saak te plak
yn in sêne sûnder wryt of slyt.
Mar likemin as de lichemshâlding
liicht it each fan it ego.

Rjochts de grutte man mei syn lytse man.
It oerbyld fan in duo mei status
aparte, ús blaffende baaskes:
Gij zult niet opponeren.
Gij zijt gezien bij tegenspraak.

Yn ’e midden de beide tigers út ’e kroech.
Foar de foarm noch yn Sibearyske facht.
Mar aanst wer waarm Javaansk
litte se har it leksum net lêze.
O sêfte krêft. O sêfte krêft.

Links de frou mei de lasso.
Loshantsje draaft se mei de keppel op.
Swaait en mikt. Wer mis, wer hopeleas mis.
De tsjinner achter har
leit op it plúsj de safolste lus.

Yn it wyt, yn it giftich wyt 
wiene se elkoar 
fuortdaalks al kwyt.

De mefrou yn management-blau
besiket de skyn noch op te hâlden
mar kin har de kont
net keare
tusken de hearen fan regel en wet
en de operearders yn de frijheid tusken de rigels.

Kinst der mediators op loslitte
mar sokke archetypen as blokken
oaninoars skonken klonken
bliuwe in binde swarte pytsjende bern.

© Syds Wiersma