Henk Nijp (1954) is hikke en tein yn Ljouwert. Nei de Pedagogyske Akademy en de militêre tsjinst koe er by de twatalige basisskoalle yn Mantgum oan ‘e slach. Frysk leare waard doe urgint. ‘Dat slagge gelokkich goed. Ik bin al in moai skoft mei taal en poëzij dwaande.’ Yn 2016 wie Henk ien fan de Rely Jorritsmapriiswinners. Dêrnei folgen ferskate publikaasjes op de webside fan Ensafh. Yn de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd ferskynden ek gedichten, lykas yn Fers2. Hy skriuwt ek *Stjerkes (kursyfkes), dy’t gauris yn de Ljouwerter Krante steane. Sûnt begjin 2018 hat er in moanlikse ynternet-kollum op Ensafh.
Fierders hat er gedichten (mei eigen yllustraasjes) publisearre yn de sammelbondels Ver Heen en Vrij Uit, beide ferskynd yn 2017 by De Poëzieboom.
Ynstjoerde gedichten:
Wer bern (21 maaie 2018)
Mei it muzyk mei (6 juny 2018)
De wachter (22 juny 2018)
Royale Lúkse (17 augustus 2018)
Goederjousk (11 desimber 2018)
It makket net út (30 desimber 2018)
Easterwierrum (10 maart 2019)
Hjerst yn Jirmsum (15 oktober 2019)
Loftspegeling (8 jannewaris 2020)
Nylân (27 july 2022)
WER BERN Sân wurdt aanst wer waarm stoot dan op 'e nij sil ús de skonken skjirje wy laitsje werom nei weagen wiuwe mei helmgers mei turvje wynfearren boppe ús holle, bin de tel al gau wer kwyt - see ferdrinkt ús stekjes dan bêdzje ik foar dy de brâning del, mar wetter jout om sizzen neat baas bin ik net of raas te hurd do seist: lit mar gewurde ... wy kuierje de dunerige del oer hurde ebberibbels hinne werom troch fonken floed de moaiste skulpen meie mei tsjin gatten yn ‘t ûnthâld earst nei pikefel en nije eb jouwe wy ús ôf oan de râne fan it strân wiet-ferwurden sânkastielen