in gedicht oer in moeting dy’t my djip yn it moed taaste. In werklik stikje ‘film’ út in kuier yn de Cevennes, maaie ’18

moeting twa hannen oan ’e hikke, ien foet mar d’ oare, myn liif befrear, stûke yn de loft neat wie yn beweech te krijen, alles stiif ien mei ’t hikkehout, as út itselde snien hy seach my oan en hifke my, ik him fiif tellen wiene wy allinne, hy en ik hy sloech as earst’ de eagen del en gie ik stie noch as beferzen, it stek en ik twa-ien syn sturt mei wite punt dûnse foar myn eagen doe trillen planken, skodden skonken ik slokte, hapte nei de siken en soe falle mar ik sprong, ik moast him folgje nei syn hoal ik woe him kenne, witte fan syn wrâld mar ’k wie him kwyt, it moast yn ien haal helder wêze dat inkeld stuit wiene wy deselde, ien sa eigen koe net earder moete witten wêze