Sylke Kingma har twadde moannegedicht fan april 2026:
It gedicht Boarnebea stiet foar my symboal foar it weromgean nei de boarne, nei myn oarsprong, om mysels en myn wearden yn it libben werom te finen as ik dat út it each driigje te ferliezen. Benammen yn tiden fan sykte of eangst fyn ik heil en treast yn de natuer: yn it wetter, de stilte en wat altyd al bestien hat. Dit gefoel fan weromkear nei de boarne is foar my in tiidleas en in altyd wichtich ûnderdiel fan it libben, dêrom wol ik it hjir graach yn it moanneljocht sette.

boarnebea
myn tarrige longen
boarnebea
fertreastende lijte
oan de stoarm foarby
in algeduerich hert
klopjend wylst ûnwis
ûnttei myn izige eagen
suverje myn giftige liif
ferromje myn tinzen
as ik my mei dy ferbyn
myn leech en heech tij
mem fan myn bern
lit my hoedzje
net allinnich
myn fergonklike bestean

