Foar de Ferhalejûn op 15 novimber 2019 waard RIXT frege om fiif dichters op ‘en paad te stjoeren en poëzy by ferhalen te skriuwen. De gedichten binne klear en wy publisearje se dizze wike op ús webside. Hjoed it earste fan Edwin de Groot.
Edwin de Groot swalke by de Ferhalejûn op ’e Jouwer om, ûnder oaren yn it Jouster museum. Hy hat besocht om wat er dêr hearde ta poëzy te bringen. Edwin de Groot: ‘Wy hawwe ferlet fan ferhalen. Om de wrâld begripe te kinnen.’

Oanreitsje noflik is it as der yn in relaas sprake is fan in barmhertige ôfrin krekt as dat by in gedicht de lêzer minlik ôffierd wurdt yn in floeiend ritme of fernimstich rym de jongfeint dochs it famke krijt, better noch: de leafsten elkoar de pot mei goud fûn, de seefisk wer swiet wetter priuwt de boeven en de judas yn ’e boeien de puppys in waarm hûs en as der praat is fan lijen, kommer en smert, dy ynfielend werkenber binne, sichtber mei de noas tsjin ’t glês troch de hûd passe omdat immen in ferhaal feroarsaket de wrâld hoecht net ûnbeflekt, in bytsje goed fallend dat soe al geryflik wêze en gerêststellend ast him oanreitsje kinst