‘Oantinken’ is it earste moannegedicht fan Martsje de Jong, dichter fan juny 2026 by RIXT

Oantinken
Thús hiene wy in ynrinkast
op ’e oerloop neist de badkeamer
Yn myn eagen in ûnbidige kast
dêr’t wit wat yn bewarre waard
en ik op de taast it paad fine koe tusken
âlde boeken, winterklean, redens, skuon
in steapel wollen tekkens
op ’e planke tsjin ’e achterwand en spinnen
Oan de muorre yn swart bakelyt
in draaiknop foar it ljocht
krekt te heech foar myn fingers
Mar it bêste heucht my
it sachte tichtfallen fan ’e doar
de ûnferbidlike klik fan ’e kaai
dy’t omdraaid waard yn it slot
it tsjuster om my hinne

