Froukje Reitsema (1947) kaam op ’e wrâld yn Niekerk, Grinslân. Wennet no yn Lippenhuzen. Se is grutbrocht yn it Nederlânsk, mar troch Geale de Vries en toanielspyljen op de Drachtster Ryksweekskoalle betsjoend troch de Fryske taal.
Se hat jierren foar de klasse stien yn it basis-en fuortset ûnderwiis, mar toaniel hat altiten in wichtiger plak ynnaam: foarstellings foar skoallen, iepenloftspullen, eigen berneteatergroep, regissearjen en sûnt in jier as tolve resinsint foar nij Frysk toanielwurk foar it Friesch Dagblad.
Mei Margriet Kemper (byldzjend keunstner, skriuwer, útjouwer en berne yn Yndonesië) makket se no de teatrale fertelling ‘Elkaars andere’, dy’t yn 2020 oer it fuotljocht brocht wurde sil yn benammen Fryslân: ferhalen en gedichten oer harren persoanlike en dielde bernetiid en hoe’t dy harren foarme hat. De fertelling is yn it Nederlânsk om’t dat harren mienskiplike taal is, mar de gedichten fan Froukje binne foar in part yn it Frysk. Foar it dichtsjen gie sy twa jier ferlyn foar stipe op in kursus jûn troch Abe de Vries (Tresoar). In workshop mei Arjan Hut folge en no foarmet se mei wer oaren: FersFroulju, in groep dy’t alle moannen by elkoar komt.
Ynstjoerde gedichten
Moeting (3 jannewaris 2020)
Lang om let (26 maart 2021)
Tongslach (22 novimber 2022)
SOAN moarnsljocht kloppet oan ’e lûken dûnset de kezinen los ferset de flier, gerdinen, muorren wolket skaden lâns de kast it slieperssân as koartsen weispield yn de gongen fan de nacht driuwt knipperjend fansiden it poent my oan: carpe diem, pluk de dag hjoed sil ik de stiennen keare poere yn it wetter mei in stôk lûden fange, nei de kime fytse syn namme kervje yn ús âlde iik de skrassen yn syn antlit fervje mei klear goud en eigen bloed de lûden brûke foar in skriuwen de stôk en stiennen foar in monumint © Froukje Reitsema septimber 2019