Fûgel op see

‘Fûgel op see’ is in gedicht fan Tryntsje van der Veer

Hendrik Elings

 

 

Fûgel op see

tipt mei de flerken
krekt net it wyt fan ’e weagen
donker it kopke smel it liifke
dan tsjin de wyn yn
omheech
wy farre

Cap Gris-Nez en Albion
oan wjerskanten kryt
skiednis is betinktiid
alwer in jier ferlyn
dat wy stilstiene

nea sil it oergean
it weromsjen
jierren deistich
faaks faker
dizze tel

tipt mei de flerken
it wyt fan ’e weagen
dûkt – net ûnderstrûpt
komt mei in fiskje
as tûkje

omheech
wy farre

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *