Sipke de Schiffart (1959) is hikke en tein yn Longerhou. Dêr hat er omtrint tweintich jier buorke. Tsjintwurdich wennet er yn Ljouwert. Hy skriuwt, skildert en skaakt. Yn 2012 ferskynde de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen by de Friese Pers Boekerij en yn 2017 ferskynde de dichtbondel Oan dy tinke by Hispel. In roman is op kommende wei.
Ynstjoerde gedichten:
Jozef Theodorus (maaie 2018)
Generaasjekleau (16 desimber 2019)
Kryst mei de bern (29 desimber 2019)
JOZEF THEODORUS hy waard berne yn desimber 1945, dat betsjut dat er twa moanne foar de befrijding oanset is yn maaie 1945 wienen syn âlden en de oare famylje ekstra bliid – it lân wie befrijd en syn mem yn ferwachting se krigen in krystberntsje Jozef Theodorus hie in dreamstart, mar ergens yn syn libben briek de oarloch út, hy ferlear syn âlden en syn broer en oare dierberen liken net te finen minskeskou en wers fan rigeltsjes gong er syn iensume wei troch it libben en geandewei rekke er likernôch alles kwyt de lêste jierren wenne er yn in tintsje yn it Griene Stjergebied by Ljouwert, alles wat er noch hie, paste yn in rêchtas op in kâlde moarn yn febrewaris waard er fûn yn in sleat, Jos lei op de búk, allinne de rêchtas stiek boppe it wetter út mei syn dea kaam de befrijding