In earste optreden en online initiativen

De maatregels binne fersoepele en guon aktivititeiten kinne stadichoan op gong komme, mei fansels ek de nedige RIXT-dichters dy’t yn aksje komme.

Sneak Peek Fryske poëzy

Op 12 juny sil Elmar Kuiper mei Arjan Hut en Sigrid Kingma in Sneak Peek yn harren nije dichtwurk jaan. Kinst yn de Westertsjerke yn Ljouwert net allinne sêd oan poëzy, mar ek oan iten. Mear ynformaasje is te finen by Ljouwert City of Literature.

Cultuur aan Huis

Fansels binne der ek online aktiviteiten mei poëzy. Earder wiene der al trije dielnimmende RIXT-dichters te hearren op it online programma Cultuur aan Huis en dêr binne Janneke Spoelstra (ôflevering 11) en Gerrit de Vries (ôflevering 13) yn de tuskentiid bykaam mei harren foardrachten. Oer Janneke Spoelstra har kontribúsje is ek mear te lêzen yn dichters yn aksje.

screenshot Janneke Spoelstra by it program Cultuur aan Huis

 

Poëtyske inisjativen yn koroanatiid

Mei ‘t elkenien meast thússit, binne der tal fan inisjativen kaam om kreatyf nei bûten te treden. Sa hawwe der RIXT’ers harren poëzij op ferskate platfoarmen hearre litten.

Dichter aan de Lijn

Operaesje Fers is noch lang net in ferâldere konsept, mei’t der tillefoanaksjes opset binne yn ferskate lannen (bygelyks België en Dútslân). Sa ek yn Nederlân, dêr’t dichter Jaap Robben, yn de mande mei Poetry International en Mondo, ‘Dichter aan de Lijn’ begûn is. Ek Tsead Bruinja skillet om syn poëzy foar te dragen oer de tillefoan. Kinst Bruinja hjir yn aksje sjen.

Bibleteek Wommels

Lykas mear bibleteken yn Fryslân, hat Wommels in ôfhelservice opset foar leden. Lêzers yn Wommels krije lykwols harren boeken yn in poëtysk taske, fersoarge troch Pieteke de Boer.

foto: Twitter @fryskfrommes

Cultuur aan Huis

Op Podium TV (NDC Mediagroep) wurdt it program ‘Cultuur aan Huis’ oanbean mei keunst, muzyk en poëzij. Ferskate RIXT’ers hawwe der al te hearren west, en wa wit komme der noch mear!
Sjoch op Podium TV de foardrachten fan Tsead Bruinja (ôflevering 2), Geart Tigchelaar (ôflevering 9 ) en André Looijenga (ôflevering 10).

Frysk Museum

It Frysk Museum nimt besikers mei efter de sletten doarren nei de nije foarstelling Other.Wordly. Dichter Syds Wiersma jout taljochting by de Osedax, in ynstallaasje dy’t him ynspirearre ta it skriuwen fan it gedicht O SEEDAK Ssss, dat earder al op RIXT publisearre is.

FF’en fan Frijheid

Nei oanrin fan 75 jier frijheid dy’t op fiif maaie fierd wurdt, hie RIXT in oprop dien foar Fyftjin FF’en fan Frijheid: wat betsjut frijheid,  wêr hat frijheid mei te krijen, wat makket ús frij of ûnfrij?

Ut alve ynstjoerings hat de redaksje fan RIXT fiif gedichten selektearre. Dy publisearje wy de kommende dagen op ús webside. Ien gedicht is bekroand en ferskynt op fiif maaie. As beleanning kriget dy dichter de blomlêzing Arbolarium. De folchoarder fan publikaasje fan de oare gedichten seit neat oer de mjitte fan wurdearring.

It earste gedicht, fan Marije Roorda, is hjoed publisearre op RIXT.