Marije Roorda (1948) spile by it kabaretselskip Samar, wurke yn it Spesjaal Underwiis en letter op in silend charterskip. Se folge skriuwkursussen foar proaza en poëzij. Publisearre har wurk yn sammelbondels en tydskriften en wûn twa kear mei in gedicht de Rely Jorritsmapriis. Yn 2017 ferskynde har debútbondel In spantou om ’e tiid. Gedichten, dêr’t lânskip en wetter har bestean yn spegelje. Graach wurket se gear mei oare keunstners. Ferbynt se poëzij mei harren wurk en lit dat op eksposysjes sjen.
Ynstjoerde gedichten:
Once in the wetlands (maaie 2018)
Frou yn byld (maaie 2020)
ONCE IN THE WETLANDS Lei it oan it nije nammebuordsje tichtby hûs dat it bûtenfjild my op in oar spoar sette? Ferrifele my de fertroudheid fan it somplân net doe’t ik dêr ris kuiere mei freonen út Lowestoft? Wat krûdiger rûkte fan in feanpoel de liiflucht en peatske de grûn my licht ûnder de fuotten fernuvere my it lûd. In freon skouderlûkte en sei ─ of course sense of place, the same as with us. Wilens joech syn taal the Wetlands achter hûs in bûtenlânsk gesicht.