Poëtyske inisjativen yn koroanatiid

Mei ‘t elkenien meast thússit, binne der tal fan inisjativen kaam om kreatyf nei bûten te treden. Sa hawwe der RIXT’ers harren poëzij op ferskate platfoarmen hearre litten.

Dichter aan de Lijn

Operaesje Fers is noch lang net in ferâldere konsept, mei’t der tillefoanaksjes opset binne yn ferskate lannen (bygelyks België en Dútslân). Sa ek yn Nederlân, dêr’t dichter Jaap Robben, yn de mande mei Poetry International en Mondo, ‘Dichter aan de Lijn’ begûn is. Ek Tsead Bruinja skillet om syn poëzy foar te dragen oer de tillefoan. Kinst Bruinja hjir yn aksje sjen.

Bibleteek Wommels

Lykas mear bibleteken yn Fryslân, hat Wommels in ôfhelservice opset foar leden. Lêzers yn Wommels krije lykwols harren boeken yn in poëtysk taske, fersoarge troch Pieteke de Boer.

foto: Twitter @fryskfrommes

Cultuur aan Huis

Op Podium TV (NDC Mediagroep) wurdt it program ‘Cultuur aan Huis’ oanbean mei keunst, muzyk en poëzij. Ferskate RIXT’ers hawwe der al te hearren west, en wa wit komme der noch mear!
Sjoch op Podium TV de foardrachten fan Tsead Bruinja (ôflevering 2), Geart Tigchelaar (ôflevering 9 ) en André Looijenga (ôflevering 10).

Frysk Museum

It Frysk Museum nimt besikers mei efter de sletten doarren nei de nije foarstelling Other.Wordly. Dichter Syds Wiersma jout taljochting by de Osedax, in ynstallaasje dy’t him ynspirearre ta it skriuwen fan it gedicht O SEEDAK Ssss, dat earder al op RIXT publisearre is.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *