Al jierren wer is Pieteke de Boer dwaande mei poëzij en sûnt koart makket se hânknipte kollaazjekeunst. It leafst lit se minsken tsjin poëzij oanrinne wêr’t men it net ferwachtet. Koarte fersen mei kryt op in túnsket (skuttingtaal), pypskomletters yn ‘e sleat, krytstift op ruten. Yn 2016 wûn se mei it gedicht ‘De Bosk’ in Rely Jorritsmapriis. Yn 2018 wurket se mei oan de foarstelling ‘Sjen yn it tsjuster’ oer Tsjêbbe Hettinga en oan it Under de Toerprojekt yn Wommels: ‘De profylfoto fan Klaas’.
Oer har dielname oan RIXT: ‘Fryslân hat in protte dichters en ik bin der ien fan. It is moai dat wy op dizze side ús poëzij en tinken útdrage kinne.’
Fersen publisearre yn:
Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij, 2010
It grutte foarlêsboek, 2013
Ver Heen. Woorden gaan op reis, 2017
Ynstjoerde gedichten
Thús (maaie 2018)
Bin ik al wei (14 novimber 2019)
THÚS Hjir fiel ik my thús krekt as in fûgel yn de tekken fan greiden de loften ûneinich fier de mûne draait syn rûntsjes as de wyn oanhellet en de sinne sakket op in moaie simmerdei En as wolken grien reitsje is fierte tichteby tsjerkeklokken liede as wy ôfskie nimme de toer in beaken foar wa’t it paad net fine kin hjir is altyd immen dy’t it dy wize wol Wy reitsje mekoar net kwyt op it trekpaad sjogge we de wjerskyn fan de oar yn it glinsterjende wetter Mei in stap fansiden meitsje we romte foar minsken dy’t hurder kinne begroetsje in nije dei Grinzen kinne ferlein wurde mar it klopjen fan dit hert ús greidehert hâldt net op dat is der dat bliuwt der en sil der altyd wêze