Understeand gedicht fan Syds Wiersma lies de dichter op 19-02-20 by IepenUp Live foar. Wiersma hat it fers foar in part ek ûnder de útstjoering skreaun . It tema wie Other.Wordly, de titel fan de nije tentoanstelling yn it Fries Museum oer de see en benammen ek de geheimen en de myten fan it djipseelibben.
Osedax is in soarte fan boarstelwjirm dy’t op ‘e boaiems fan ‘e djipseeën de bonkerakken fan sonken walfisken fermôget.

O SEEDAK Ssss Fan ljocht gjin weet Yn it grom fan de tiid begroeven Of is it Yn de widze fan de see Fermôget boarstelfolk Us skjinne bonken In libbensrêd yn ’t djipst besonken Ea Komt it wer Omheech Krôljen, krûpen, kreveljen Earne bedizene mei dat frjemde hearskip Libbensgeast Net in plak foar Afrodite Nee dat kâld en skimerich boaiemplebs Noch fier fan in foetus In ivichheid foar’t de skulp Treaun fan wyn mei har deryn Syprus fine kin Mar god, dan hast ek wat Har dûbelferskining fan sêft wâljend Flaaks en fleis Fingerspoar tusken blabzich ripe Búk en bilbonken, drippend De glâns fan it ôfsobbe Ljocht fan de ribbe Sy Ut fallen walfisken Nommen Boarstelwjirms Dêr’t ik âld en djipwei jim bleaun bin Glydzje ik har skûl Fan waarme hûdploaien yn Wêr’t al mar oars It wurd it byld it omskot Opdold wurdt En Ta drinkeldeaden Bepluze Behimmele Bekoarre As wiene it de genitaliën Fan Oeranos Syn kastrearde himelbestoarmers O seedak sssss It skom út it grom Guon djipten Moatst noch altyd in Titaan foar ha Wolst de fersmytlingen Ut ’e burokrasy fan deadsingels rêde Tiidleas fermôgjen Oerstadige berte Fan har hom-en-gromliif Dat de wyn ús kant út sylt © Syds Wiersma
Noat: De rigel ‘guon djipten moatst noch altyd in Titaan foar ha’ is in sitaat út it gedicht dat Joël Hut earder op ’e jûn foarlies.