Foto: Hilde Brandsma
Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) is dichter en wennet yn Amsterdam. Hy debutearre yn it Frysk yn 2000 mei de bondel De wizers yn it read (Bornmeer) en yn it Nederlânsk yn 2003 mei Dat het zo hoorde (Contact, 2003). Bruinja stelt blomlêzings gear, resinsearret, presintearret, ynterviewt en treedt op yn binnen- en bûtenlân (û.o. yn Perû, Oekraïne en Simbabwe). Dêrneist wurket er regelmjittich gear mei byldzjend keunstners, typografen en foarmjouwers. Syn wurk is net allinne yn boeken, mar ek op gebouwen (û.o. yn de oerkapping fan it stasjon yn Ljouwert) , pleinen en yn winkels te lêzen. Sûnt in tal jierren is Bruinja wurksum as dosint oan de oplieding Creative Writing te Arnhim. Yn 2017-2018 wie er ‘Dongeradichter’ fan de gemeente Dongeradiel. Yn 2019 waard er beneamd ta Dichter des Vaderlands foar de perioade 2019-2021.
Bruinja’s bondels waarden nominearre foar de Jo Peters Poëzieprijs, de Ida Gerhardtpoëzieprijs en de Obe Postmapriis (as oersetter fan eigen wurk). Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) is syn meast resinte Fryske bondel.
Ynstjoerde gedichten
Wjerkôger
Trinten as in flinter (10 maart 2019)
Binne wy der klear foar (24 maart 2019)
En dat kin mar de wrâld is feroare (24 maart 2019)
Leaver nei it Mailiefjild as oan ‘e hoannebalke (21 oktober 2019)
Hoecht in namme wat? (28 jannewaris 2020)
Grêftegurdlegedicht mei djoer iten (maart 2020)
De dea is gjin master út dútslân (maaie 2020)
No en aanst (desimber 2020)
Fyts ‘m d’ryn Mark (jannewaris 2020)
WJERKOGER ik lei de krante del en sei de wrâld is in stâl wêryn't we wachtsje op ús miel of it fretten út `e kroade skeppe oan 'e ein wachtet ús in trôch yn 'e modder de glinsterjende heak fan 'e slachter of it maachsoer fan in oar sy sloech it boek ticht die de kaugom út 'e mûle en stoarre my oan ik sette troch mei de wrâld is in toaniel alle bisten en dingen derop en derûnder krije in rol en in stikje woarst bouwer of fernieler liuw of laam de wrâld is in winkel besocht ik op it lêst wat fynst fan 'e toanbank? is it ljocht te skel? it fleis read genôch? sy gappe en troppe it stikje kaugom werom yn 'e mûle de wrâld is in iepen fjild smakte se en joech my de spoaren