De Rigel fan Rink [dei 0]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Hjoed hat  Cornelis van der Wal it spit dêrôf biten troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it earste twatal moarn mei fierder giet.

Foto: Geart Tigchelaar

Omrop Fryslân hat besocht mei Cornelis te skiljen, mar it is spitigernôch net slagge ferbining te krijen! Hooplik is der moarn in bettere ferbining op it Arkje.
It gedicht, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat, stiet ek op de hiemside.

Rigel fan Rink

Fan 1 augustus oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde silger. De 50 dichters sitte dêr lykwols net tagelyk, mar alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Alles hat in skoft stillein fanwegen de koroanakrisis, dat no wol it kollektyf inoar wer opsykje. Gjin better plak dêrfoar as it Arkje en gjin bettere aktiviteit as mei-inoar wurkje oan in gedicht.

Yn augustus is Cornelis van der Wal de saneamde Dichter fan de moanne. Hy sil it spit derôf bite troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke op saterdei mei fierder giet. De ‘Rigel fan Rink’ dêr’t Van der Wal mei begjint is:

‘De mar nimt de bui net.’

Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.

It groeien fan it gedicht kin thús folge wurde, mei’t Omrop Fryslân alle dagen nei it Arkje bellet. Dat is troch de wike om 15:40 oere en yn it wykein om 17:40  oere.

As ôfsluter wurdt it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.

foto: Geart Tigchelaar

De Skriuwersarke fan de yn 2001 ferstoarne Fryske skriuwer Rink van der Velde is yn behear fan It Fryske Gea en Stifting FLMD. It Dichterskollektyf wurdt dy wike fan drûch en wiet foarsjoen troch de Poiesz út Boarnburgum.

Wat: Rigel fan Rink, Dichterskollektyf RIXT op de Skriuwersarke
Wêr: De Skriuwersarke, De Feanhoop
Wannear: 1-7 augustus op it Arkje.

Tagong: Besite op de Arke is op ôfspraak fanwegen koroanamaatregels.
Nim kontakt op mei RIXT foar fragen of om del te kommen.
Hâld der ek rekken mei dat by Marktzicht beheind plak is.

 

Rely Jorritsmaprizen foar Syds Wiersma en Elmar Kuiper

De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, ien gedicht en twa ferhalen. En by dy trije sitte twa RIXT’ers!

Syds Wiersma kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’. Foar de ferhalen wint Elmar Kuiper in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’ en Sjoerd Bottema mei it ferhaal ‘Total loss’.

Foar de 66ste edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 88 ynstjoerings ynkommen, 56 gedichten en 32 ferhalen.

De sjuery bestie út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl.
De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt, fanwegen de koroanabeheinings yn lytse rûnte.

Befrijingskonsert TIID mei teksten fan Aggie van der Meer

Op freed 21 en snein 23 augustus wurdt der yn de Broeretsjerke fan Boalsert it befrijingskonsert TIID opfierd.

It konsert bestiet út it stik ‘Quatuor pour la fin du temps’, komponearre troch Olivier Messiaen yn 1940 mei it ynnimmen fan Frankryk. Op 15 jannewaris 1941 spilet Messiaen as kriichsfinzene mei in pear oaren foar it earst it stik op in âlde fioele, krykkrakkige klarinet, ûntstimde piano en in sello mei trije snaren foar 5000 mei-finzenen.

Aggie van der Meer skreau foar dy gelegenheid de gedichtesyklus De tiid, it duorjen. Dat binne sân gedichten dy’t oanslute by de acht dielen fan ‘Quatuor pour la fin du temps’. Akteur Thijs Feenstra sil it foardrage.


wat: befrijingskonsert TIID
wêr: Broeretsjerke Boalsert
wannear: freed 21 augustus om 20:30 oere en sneon 23 augustus om 15:00 oere
tagong:  €18,- of €15,- yn foarferkeap.

Sjoch op Stichting Up foar mear ynformaasje of foar it bestellen fan kaarten.

Twadde dichtbondel Hinke Veenstra

Fan ’t hjerst bringt Hinke Veenstra har twadde bondel út, heit en ik. Dêryn kombinearret sy eigen wurk mei dat fan har heit, Sipke Veenstra, dat hja sels in ‘petearbondel’ neamt:

“In oantal jierren nei it ferstjerren fan heit kaam ik der efter hoe ticht ús gedichten guon tiden byinoar lizze. Net allinne yn foarm, mar ek yn sfear en tematyk.”

De bondelpresintaasje mei muzyk sil plakhawwe yn Burgum op sneon 26 septimber.

Wat: Bondelpresintaasje heit en ik
Wêr: De Glinstrastate, Freerk Bosgraafstrjitte 18 yn Burgum
Wannear:  Sneon 26 septimber fan 14:00 oant 17:00 oere
Tagong: Fergees

De bondel is te keap by de presintaasje of te bestellen by Hinke sels foar € 12,50 (ekskl. ferstjoerskosten). Fan elke ferkochte bondel giet der € 1,50 nei it Bartiméus Fonds.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

RIXT’ers nominearre foar Jan Wolkerspriis 2020

De longlist fan de Jan Wolkerspriis 2020 is bekendmakke . Dy priis foar it bêste natoerboek is in inisjatyf fan de Volkskrant, Wrâld Natoer Fûns  en radiopogramma Vroege Vogels. Der stean tweintich titels op dy list fan de 130 ynstjoerde boeken. Net ien, mar twa boeken binne fan RIXT’ers, nammentlik Oerstoer  fanTialda Hoogeveen en Veldwerk fan Jan Kleefstra, dat er makke hat yn de mande mei Christiaan Kuitwaard.

alle tweintich boeken foar de longlist

Op snein 18 oktober wurdt de winner bekendmakke by de spesjale útstjoering fan Vroege Vogels.

 

Kuierje troch ferhalen

Yn april die Sytse Jansma foar Tryater in oprop foar in ferhale-estafette mei’t harren foarstelling 1000&1 Nacht in folsleine omslach meitsje moast fanwegen de koroanamaatregels. Dy oprop krige gehoar fan 16 skriuwers, ek fan RIXT-ers Henk Nijp, Pieteke de Boer en Grytsje Schaaf.
No binne dy ferhalen bondele foar trije kuierrûtes yn Ljouwert, mei elk sa’n fiif ferhalen dy’t foarlêzen wurde.  De rûtes binne by it Vliet, de Dokkumer Ie en de Jiskebult en de ferhalen binne te kuierjen (del te laden foar de snoadfoan) oant en mei 31 july.

Mear ynformaasje kinst fine op de webside fan Tryater.

foto: Tryater