It oardelskonkje: in nije dichtfoarm yn krisistiid

No’t reizgjen der foarearst net yn sit, binne wy allegearre reizgers op oardel skonk wurden, tocht Syds Wiersma. Sa hat er in nije dichtfoarm betocht dy’t by de oardelmetermienskip past: it Oardelskonkje.

Hjoed is de útlis mei de earste Oardelskonkjes op RIXT publisearre:

  • 15 wurden yn totaal;
  • twa strofes mei it earste fan tsien en it twadde fan fiif wurden;
  • frije foarm;
  • wurket goed mei in ‘chute’ (kear) tusken de twa strofes;
  • meardere Oardelskonkjes kinne oaninoar reaun wurde.

Wy nûgje elk út om mei de nije foarm oan de slach en eigen Oardelskonkjes yn te stjoeren. De redaksje siket de moaiste Oardelskonkjes út foar publikaasje op 15 maaie, dat ta de gelegenheid útroppen is ta de Oardelskonkjedei.

Mei-inoar stekke wy sa in stevige literêre skonk derûnder!

foto: Geart Tigchelaar

Poëzy foar bewenners fersoargingstehuzen

Goed 5000 bewenners fan 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen yn Fryslân hawwe hjoed poëzykaarten krigen.

De aksje fan Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT wie opsetten nei oanlieding fan de hjoeddeistige omstannichheden dêr’t âlderein yn tehuzen ekstra hurd by rekke wurde. Ernst Bruinsma, saaklik lieder Ljouwert City of Literature:

“Mei de aksje wolle wy treast en hope jaan yn dizze – foaral foar âlderen – drege tiid.”

RIXT-dichters Jan Kleefstra, Syds Wiersma, Gerrit de Vries, Froukje Reitsema, Kate Schlingemann, Marije Roorda, Tsjisse Hettema,  Martsje de Jong en dichteresse Baukje Wytsma hawwe mei-inoar de gedichten skreaun: seis yn it Frysk, twa yn it Nederlânsk en ien yn it Stellingwerfsk.

Frou Veninga kriget in kaart fan meiwurkster Saakje Westerhof yn it wensoarchsintrum Sint Jozef (Kwadrantgroep) yn Ljouwert.

Yn it ramt fan it projekt Frysk yn de Soarch (Afûk) is der troch Douwkje Douma ynventarisearre hokker belangstelling der wie by soarchsintra foar âlderein yn Fryslân. Der wie belangstelling út alle organisaasjes wei: Kwadrantgroep, Hof en Hiem, Meriant, Patyna, Mienskipssintrum Leppehiem en Noorderbreedte.

De kaarten binne foarmjûn troch BWH Ontwerpers út Ljouwert en printe troch Van der Eems út Easterein. De gedichten wurde ynkoarten publisearre op leeuwardencityofliterature.nl en ek op RIXT.

Op de webside friesindezorg.frl stiet de nedige ynformaasje oer it belang fan taal foar it wolwêzen fan soarchfregers.

De njoggen poëzykaarten

Foardracht Syds Wiersma ‘de put’

Ofrûne moanne waard bekendmakke dat Syds Wiersma mei syn gedicht ‘de put’ de earste priis wûn hie yn de kategory poëzy foar de skriuwwedstriid ‘wat betsjut frijheid foar ús?’ fan Tresoar.

Hjoed, op 17 april, soe de útrikking wêze op Tresoar, mar fanwegen de omstannichheden binne de bydragen no ynsprutsen troch de winners en allegearre online te beharkjen.

Harkje hjir nei Syds Wiersma syn gedicht ‘de put’.

foto: Geart Tigchelaar

Veldwerk- Over het verdwijnen van de biodiversiteit in de Friese natuur

Veldwerk is in boek oer it ferdwinen fan it bioferskaat yn ’e Fryske natoer,  gearstald mei poëtyske teksten fan dichter Jan Kleefstra, akwareltekeningen fan keunster Christiaan Kuitwaard en bydragen fan minsken út it fjild.

By ferskillende Fryske lokaasjes is der stilstien by dit tema troch Kleefstra en Kuitwaard. It boek wurdt net mear presintearre sa’t earder it plan wie, mar is online te ferkrijen by útjouwer Wijdemeer.

 

Oprop Tryater foar 1000&1 Nacht

In oprop fan Sytse Jansma foar Tryater:

Soesto it folhâlde om tûzen-en-ien nachten efter elkoar ferhalen te betinken en op te skriuwen?

De foarstelling 1000&1 Nacht, sa as Tryater dat foar eagen hie, sil der net komme. Tryater ûndersiket de mooglikheid om 1000&1 Nacht online te meitsjen. De repetysjes binne al yn folle gong, elk út syn eigen hûs wei.

Tryater hat der foar keazen om it aventoer oan te gean mei ynteressearre skriuwers yn de geast fan de fertellingen fan Tûzen-en-ien-nacht.

Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer giest werom yn de tiid. Der sille ferhalen skreaun wurde mei pinne en papier. Do komst yn in ketting fan skriuwers dy’t nei elkoar koarte ferhalen stjoere om de nacht troch te kommen. Gewoan út dyn eigen hûs wei en de postboade bringt de ferhalen rûn. De ketting fan ferhalen sirkulearje yn de moannen april en maaie. Sadree’t der in slúf mei ferhalen by dy op ’e matte leit, hast trije dagen de tiid om in ferhaal te skriuwen foar de folgjende skriuwer. En dat mei fansels yn dyn eigen memmetaal.

Meidwaan? Jou dy dan op foar 17 april troch in mailtsje te stjoeren nei Sytse Jansma. Kosten: in slúf en in postsegel

Klik hjir foar mear ynfo oer de foarstelling.

RIXT’ers yn it nijs

It is oeral yn it nijs, kinst der net mear om hinne!
– Ja, wy hawwe it fansels oer ús kollektyf en de RIXT-dichters, wat oars?

Hjoed yn de Ljouwerter Krante twa gedichten fan Carla van der Zwaag en Pieteke de Boer en fansels it deistige ‘Tiid om nei te tinkenfan Aggie van der Meer.

Mar fansels is der ek noch Omrop Fryslân, dy’t ôfrûne wykein berjocht die oer Willem Abma, dichter en terapeut, mei syn tinzen oer koroana en it minsklike ferlet fan neiens.

Harkje hjir nei it fraachpetear mei Abma én syn foardracht fan it fers ‘kwetsber bliuwe wy‘.

Oprop Cedin foar gedichten FeRstival

Wa skriuwt in fers foar de jeugd dat geskikt is om foar te dragen?
Dan kin Cedin op ‘e nij in moai boekje gearstalle mei safolle mooglik nije fersen.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn it boekje FeRsefariaasje. Dat sil nei de skoallen stjoerd wurde en dêr kinne de meidoggers dan in fers út kieze.

Der binne trije skiften:
– Starters 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
– Trochsetters 2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
– Toppers 4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 jier en âlder.

De groep Starters is de grutste, dus dêr binne ek de measte gedichten foar nedich. De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.

Hoe dan ek, it is in prachtige manier om jongeren yn kontakt te bringen mei hjoeddeiske poëzij.

De fergoeding is € 75 as de karkommisje in fers útkiest.

Graach bydrage(s) foar freed 15 maaie o.s. nei:
FeRstival / J. Bangma, Lavendelheide 21, 9202 PD Drachten
óf
j.bangma@cedin.nl