Earste moannegedicht augustus fan Sytse Jansma
Hjoed, 6 augustus, is der yn Hiroshima de betinking fan de atoombomramp yn 1945. De uraniumbom ‘Little boy’ waard op 9500 meter hichte boppe de stêd los litten. Under de oanfal hie de stêd sa’n 255.000 ynwenners. Doe’t de ‘a-bomb’ om 8.15 oere eksplodearre, kamen frijwol drekst 78.000 minsken om it libben as gefolch fan de ûntstiene druk en de yntinse waarmte dy’t frijkaam. It totaal oantal deaden rûn úteinlik nei de 140.000 ein 1945. Noch hieltyd binne der hibakusha’s (en bern dêr fan ) dy’t lêst hawwe fan de gefolgen fan dizze ramp.
De boargemaster (Kazumi Matsui) fan Hiroshima sei hjoed yn syn speech dat Japan it ferdrach ûndertekenje moat dat nukleêre bommen ferbanne wol. Neffens minister-presidint Shinzo Abe is dat noch net sa maklik. De Treaty on the Prohibition of Nuclear Weapons (TPNW) is yn july 2017 troch 122 lannen ûndertekene, útsein Japan en de USA.
Klik hjir foar de boarne fan de ynlieding

Hiroshima, 6 augustus 1945 dit fers is in oanklacht tsjin nukleêre wapens no’t ik wit hoe beheind piloaten, minsken, lannen dat dan dochs it lûkje iepengiet, in ‘little boy’ boppe boartsjende skoallebern in heit op ´e fyts nei wurk, in wachtsjende mem op ´e treppen fan it sintraal stasjon dat it samar omset wurde kin yn inkele sekonden minsken, pratende mei-inoar, elkoar fol libben yn ´e eagen sjen, gewoan sizze wat se op dat momint even sizze woenen ta sisterjende hompen fleis in minsk, datst der bist, en dan samar net mear en dat alles dêrnei as yn in delirium delslacht, as swart-helske rein op it oerstallige; de kopkes op tafel, it boartersguod yn ´e tún, de klean yn ´e kast en datst ûnder de brokstikken fan wat in hûs west hat, inkeld ferbrizele bonken fine kinst wite poeier dat opstoot by in allersêftst sigentsje