Semana Santa

Hjoed op Goedfreed it earste moannegedicht fan Gerrit de Vries, ús dichter fan de moanne april. ‘Semana Santa’ rekket oan guon aktuele saken dy’t yn dizze Goede Wike, de wike foar Peaske, plakfûnen.

Semana Santa

yn Southampton is it krekt
120 jier lyn dat Mary Anne Rogers
har libben joech foar oare passazjiers
fan fearboat Stella
God nim my
rôp hja doe’t it skip
yn de weagen ferdwûn

te uzes skrast in boreale ûle
slacht de heakken yn in lytse mûs
dy’t pipet dat God grut is
as de jûn falt slacht de ûle
wjukken út fiert ús de nacht yn
dat er mar fier fleane mei
messias fan Minerva op de rêch
swetsend oer de ûndergong
hiel fier it noarden yn

yn Vigo is de wike hillich
slane manlju mei pearse puntmûtsen
de iuwen lâns stap boem
stap boem op trommels
lûke in âlde Messias op in ezel
op in karre de krúswei bydel
stiet it folk mei palmblêden
en farske tûken Hosanna

yn Parys baarnt de Notre-Dame
mar de toarnekroan is rêden
en de wyn foar it lêste nachtmiel
kin noch skonken wurde
yn âlde gouden tsjelken

yn Amsterdam springe
kreas blanke ûnferstannen
op en del want Ajax
en op Skiphol wurde tulpen
yn in oare fûgel ynladen
foar stêd en wrâld

in maitiid as gjin oar
in maitiid as altyd
de palmtûken
kinne it jiskefet wer yn

One Reply to “Semana Santa”

  1. ….dûdelik. ..
    …..mar ek foar de folgers efter de fanfare en it faandel. .??

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *