heale moanne

Dit fers is skreaun nei oanlieding fan ’e sitewaasje yn Ruinerwold. It is Tryntsje van der Veer har earste moannegedicht fan oktober.

Foto: Geart Tigchelaar

 

heale moanne

yn ljochtskyn
swartblau
in huver

heal myn hert
fan rûchte raaien
heapen dridze

yn in droaneflecht
it hûs de skuorre
it hiem ûntsletten

hiel myn holle
fol fan bedriuwen
it doek is fallen

yn neaken ljocht
in beam de tún
sleatten stjonke

tidigje op kaaien
leafsten en oerrinners
helpers yn it swart

by ljochtmoanne
koarje doarren
sûnder ferwar

yn ’e kelders
stiicht it wetter
rioelen lige nea

oant folle moanne
burden en âlde klean
tiden lige nea

yn ljochtskyn
swartblau
in huver

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *