Cambuur thús

Anne Feddema is dichter fan ‘e moanne septimber, dan hat er ek syn  jierdei. Hy fûn it moannedichterskip foar RIXT in moai kadootsje foar himsels.

Cambuur thús

Dizze jûn freed
Stiet de wyn
Diskant op
Yn it stadion
Giet it need
Earne op ’e tribune
Moat in pausarius sitte
Grutte tromme
Slach nei slach
Stimroeiers foarút
It giet deroan wei
Cambuur thús

Klupsjaal Cambuurklotske
Lûde stimme ritme
Koart en strak
In grouwe jonge fêst
Read hert
Read hart
Cambuur thús
Beiertsbomtromme
Taskôgers roei
Ut Woanskip
Foarby de stjerren
Kampioenskip blierket
Cambuur yn it bloed
Doch jimm’ bêst
Alles komt goed

Nei de rêst.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *