útstel op útstel

De gaos om de Brexit hinne ynspirearre Tryntsje van der Veer ta it folgjende gedicht

 

útstel op útstel

tiid of gjin tiid is de fraach
no’t it eilân fierder swimt
ûnwissens de oerhân hat
bûtengrinzen net skowe
it stimmen weistimd

tiid of gjin tiid is it antwurd
no’t de lytse man ropt
wif syn efterban
it meartal wankel
syn stimme heas

tiid of gjin tiid is de fraach
no’t de roas fertutearzet
it lân in kar freget
útstel op útstel
de draak ûntstimd

beware of the dragon

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *