Twadde Moannegedicht fan Anne Feddema, dichter fan septimber.
Dit fers haw ik skreaun nei oanlieding fan in berjocht yn it moarns betiid krantsje Metro, yn’e trein fan Ljouwert nei Harns…yn rekôrtiid sels.
Wrâldrekôrs Och heden…hjoed In nije edysje fan Guiness World Records Alle dagen wedstriid rees Eartiids…’ The Guiness Book Of Records ‘ Tsjintwurdich mear database Hoefolle wiete T-shirts Lûk ik oer de holle Yn ien minút Wa kin it skele? My gjin sprút It stekken fan 3.500 Toskpluzers yn jo burd? 1000 yn in lyts kertier? Dat giet mar hurd Der binn’ sels minsken Rekôrhâlders yn it betinken Fan nije rekôrs Hoefolle skonken Yn ien bokse Fan in broek? Soe der ek ien wêze dy’t Meardere kearen deagien is En weromkaam? Tinkt my net Dêr is mar ien Persoan yn slagge Dy is rekôrhâlder yn In hiel oar boek