Twa skeppingsgedichten

Sytse Jansma syn twadde moannegedicht fan augustus.

De Amazoane stiet al skoften yn ´e brân. Hoe kin it dat der no pas omtinken oan jûn wurdt yn ´e media? Ik wie rekke troch de reaksje fan Juarez Saw, in man fan de Munduruku-stam yn de Amazoane. Hy freesde foar syn libben. Sjoch nei it filmke by dit nijsberjocht. Hoe moatst it útlizze dat it opbaarnen fan de Amazone earne goed foar is? Wêrom soenen de Brazilianen (lykas Nero?) harren eigen lân opbaarne? 
De wrâld liket ynienen wekker te wurden tusken allegear nije feiten. En de sûndebok wie ek drekst fûn: Bolsenaro. Alle kranten sieten der boppe op en tweets fan ferneamde fuotballers en modellen waarden dield. Bolsenaro hie ek al in sûndebok fûn: de NGO’s.
 Binne dat de ienige skuldigen? Hoe komt it dat de minsk it safier gean lit? Dêrom twa nije skeppingsgedichten: A en B. Om it mar begripe te kinnen hoe’t de minsk docht sa’t er docht.

Foto: NOS

 


TWA SKEPPINGSGEDICHTEN



A


Yn it begjin wie der neat as it ûneinige.
It ûneinige rekke swier en skoep sa it einige.
Beppe wie ien mei it ûneinige en it einige.
Beppe makke ierde en neamde har Mem.
Yn it begjin wie Mem lykwols wyld en tsjuster.
En der wie noch nimmen.
Doe makke Mem fjoer en it waard ljocht.
Alle jûnen gong it fjoer efter de kym.
En alle moarnsskoften kaam er wer werom.
Mem wie grutsk op fjoer en neamde him Sinne.
Doe makke Mem beammen sadat der azem wêze koe.
No koe der mar omraak sykhelle wurde.
Ut ´e tûken en de blêden fan ´e beammen makke Mem Minsk.
Mem wie sljocht op Minsk.
Alle dagen liet Mem azem troch Minsk’s longen streame.
Alle dagen liet Mem Sinne de hûd striele fan Minsk.
Mem hold sa bot fan Minsk dat er alles wol foar Minsk dwaan woe.

O Minsk, sei Mem.
Ik hâld fan dy krekt sa ast bist.
Kinst my dyn triennen jaan.
Ik sil myn rivieren der mei folje.
Jou my dyn lilkens.
Ik sil it út myn djipste omheech donderje litte.
As lava oer myn rêch rôlje litte.
Ast wurch bist, meist dy deljaan op myn sêfte gerslannen.
Dyn winsken en dreamen sil ik foar dy ynkleurje mei reinbôgen fan leafde.

Minsk wie bliid en betanke Mem alle dagen.
Mem wie bliid en betanke Beppe alle dagen.
En ek al koe Minsk Beppe allinnich fan ferhalen,
dochs betanke er har alle dagen.
B

Alles wie al in skoftsje geande, de Selva
hime as in hjitte simmer, de dea,
de hurde leafde fan in god, litte wy him Nero neame.
Nero wie grutsk op ´e selva, mar dreamde
oer takomstige glêzen stêden.
Hy foarseach in drege skepping, mar toch.
Tusken it flamjende kreëarjen troch, song er lieten
as hie er Troje ferslein, en doe tadaaa: It Gouden Hûs.
It Gouden Hûs rekke swier fan fertinkingen.
As Miggen op in bonkjende ier,
kamen de moarnsblêden út alle hoeken fan ´e wrâld.
Trije wiken wie der neat oer it Gouden Hûs skreaun,
mar no wie de loft fol tonger en bliksem.
Reekgerdinen waarden iepenlutsen;
it WNF, de INPE en NASA waarden rieplachte,
lykwols 
skriuwers as Cassius Dio en Tacitus.

Ik skink jim myn soan Bolse-Nero, sei Nero doe gau.
Bolse-Nero betanke syn heit en sei tsjin de minsken:
Lit jim jild streame yn fûnsen en oare subsydzjefoarmen.
Jou jim lilkens oan alle NGO’s, dan meitsje ik der wat moais fan.
Ik jou jim apatyske romten mei Soja, de selva,
in grize wale.

Bolse-Nero wie bliid en betanke de Miggen.
Nero betanke de selva of de Simmer,
wa't ek mar earder wie, eltsenien seach
en swijde ferstive yn in wrâld fan flammen.

One Reply to “Twa skeppingsgedichten”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *