Foar de twadde kear hat RIXT fan it FLMD in wike de beskikking krigen oer de Skriuwersarke by de Feanhoop. Fan 24 oant en mei 30 july sille RIXT-dichters mei-inoar oan poëzy wurkje yn de mande mei dichteresse Sigrid Kingma, dichter Arjan Hut of sjonger Bruno Rummler. It doel is om te wurkjen oan in gedicht, oersetting, foardracht of songtekst, dat letter dit jier op it poadium brocht wurde kin.
Foarich jier hawwe wy ek op ’e Skriuwersarke west en mei in groep RIXT-dichters in ‘trochjougedicht’ skreaun. Dat neamden wy doe ‘De Rigel fan Rink’, omdat in rigel út it wurk fan Rink van der Velde as begjinrigel fan it trochgedicht naam wie. Moannedichter Cornelis van der Wal trape doe ôf mei de earste strofe en ferfolgens waard yn twatallen alle dagen in ferfolchstrofe skreaun. In fotoferslach dy wike op de Skriuwersarke fine jo hjir. It trochjougedicht “De bui” kinne jo hjir fine.
De RIXT-dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar presintearje yn ’e mande mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Carsten René Nielsen, Annemette Kure Andersen, Thomas Dalgaard en Mads Mygind op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus, útjûn troch Hispel.
Yn 2019 hawwe de fjouwer Fryske dichters in wike yn Aarhus west om kollega-dichters te treffen en om op te treden. Dêr is in gearwurking mei de fiif Deenske dichters út fuortkommen. Sa hawwe hja dwaande west om inoars wurk oer te setten, fjouwer fan elke dichter. Geart Tigchelaar hat de bondel fan foto’s foarsjoen.
foto: Pieter Postma
‘In oar hûs kin fiele as thúskommen op in oar plak,’ sa stiet yn it foaropwurd fan ’e bondel. En dat is krekt hoe’t de Fryske dichters harren fielden yn de twadde grutste stêd fan Denemarken. En fan dat oare hûs jouwe hja poëtysk blyk yn de twatalige bondel.
Yn juny wurdt de tredde edysje fan it Aarhusiaanske literatuerfestival LiteratureXchange holden. It festival duorret alve dagen lang mei in soad ynternasjonale skriuwers dy’t mei-inoar mear as 180 optredens, masterclasses, lêzings, ensafuorthinne jouwe. De presintaasje fan ’e bondel Oar hûs / Et andet hus is op 16 juny.
Yn de Ljouwerter Krante fan 29 jannewaris stiet in fraachpetear mei Tsead Bruinja oer syn twa jier as Dichter des Vaderlands. Dêrby stiet ék de Fryske oersetting fan syn lêste gedicht, Fyts ‘m d’ryn Mark, publisearre op RIXT., oersetten troch Geart Tigchelaar.
Heal septimber strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t middeis makke waard jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.
Ruud Knier, Yva Hokwerda en Syds Wiersma jûns by har optreden. Foto: Geart Tigchelaar
Hjoed de fjirde publikaasje. Fan Ruud Knier, Yva Hokwerda en Syds Wiersma. Ruud, in natoerman, naam de beide fêstelândichters mei op in tocht fan Hoarn troch de dunen nei Midslân oan See en doe fierder nei syn hûs yn Midslân-Noard. Yn it skaad by him yn ’e tún setten Yva en Syds syn gedicht ‘Terschelling’ yn it Frysk oer en skreau Ruud in fers oer hoe’t de beide dichters oan it oersetten wiene. Werom op de Folkshegeskoalle skreaune Syds en Yva noch in eigen gedicht.
Yva Hokwerda oan it dichtsjen op de Folkshegeskoalle. Foto: Geart Tigchelaar
Ruud KnierTerschelling
je ligt in de baarmoeder
van het Lage Land
omsloten door het vruchtwater
van de zee
door de bedding van je navelstreng
daal ik keer op keer in
in jouw langgerekte
lichaam
ik verstop me op je
koesterende plekken
onderga je rust en je zuiverende ziel
terwijl ik me - met jou - laat wiegen
door het levenbrengende water
en wanneer mijn herboren ik
jou - eeuwig ongeborene - verlaat
en ik terugdrijf naar het moederland
zie ik je vol weemoed in de verte vervagen:
Terschelling
Skylge
do leist yn it limoer
fan it Lege Lân
omfieme troch it fruchtwetter
fan de see
troch de slinge fan dyn nâlestring
daal ik kear op kear yn
yn dyn langrutsene
lichem
ik bring mysels ferside op dyn
koesterjende plakken
ûndergean dyn rêst en dyn suverjende siel
wylst ik my – mei dy- widzje lit
troch it libbenbringende wetter
en as myn nijberne ik
dy – ivige net-berne – ferlit
en ik weromdriuw nei it memmelân
sjoch ik mankelyk dy yn ‘e fierte ferdizenjen:
Skylge
oersetting: Yva Hokwerda, Syds Wiersma
Ruud Knier
Geboorte
een scherpe zucht,
een geest ontsnapt aan de kan
en ontvouwt zich als een wolk boven de tafel
breinen buigen zich
over een te verfriesen vers
vol te vertalen woorden
knarren proberen de code te kraken
op de weerbarstige deur
van een te openen kluis
plots vallen de geesten samen
met de nog dwarrelende wolk,
ontcijferende klanken klinken
en de deur opent zich
voor de verdichte woorden
van het herboren vers:
Schylge
Syds Wiersma lêst syn gedicht foar. Foto: Geart Tigchelaar
Syds Wiersmayn moria's mui
wat fêst en wat los
bestiet
mei sân dêr gnirdzjend tuskenyn
drifkjend oer earm dún
fynt fanneed ûndjip
woarteljend
hâld
yn it omwrotten spoar fan
de dichter
wachtet
de krigele miggedea
mei syn hert dauwiet
sobjend
op in ynsekteskeletsje
ridderke yn it harnas stoarn
de wurge gensiaan
mei de mantel net iepen
in steile keningin
koegelwiecks moadetiran
pronket net mear
ik wrakselje yn moria’s mui
de brui, de brui wol ik jaan
dy lytse god fan my
stiet mar te dûnsjen op fleagjende
wolkens fan stosel
bist fongen frij
op dit omklamme lân
mei pushback wetters achter maskers
seit de dichter
frij fertaald
jout it him del, krigest it op
mei hokker rjocht
eins oars
as neam it
gloede en brân fan koetsebei
hannen dy’t har waskje yn fliekrûd
even rosse rûkst
it eilângefoel
mar gjin beskûl, gjin macht
gjin rjocht
tsjin de stoarmen fan it fjoer
toarnbei hâldt, ikel falt
yn moria’s mui giest oan
dit heartbreak hotel
foarby
Yva HokwerdaSkylge-blauEn… hoe libbet it mei in oar, – wenstiger? – Ien slach mei de rym! –Allike hurd as de kustlineferdizene it oantinkenWei fan dy, ik, driuwend eilân …(út in fers fan: Marina Tsvetajeva – In writen fan jaloerskens) *
In sucht nei skjinne leylinen
– tusken dyn tsjerke en myn tsjerke –
brocht my fan ’e wâl
nei ’t eilân wer – werom
Dyn bywêzigens wurd ik algau
gewaar yn ’t skieppeklokjesblau
ek al binne de blommen like ticht
– hjoed –
as dyn doetiids sliepende eagen
Op ’e nij skinny-dip ik my
yn ús blauwe inket
fiel hoe wetterfêst it is – dizze kleur
fan wat wy net beneamme kinne,
net te lêzen fine yn ús tsjerken
en oan ’e himel nearne sichtber is
myn geast fljocht wêr’t se kin
waait in lân nei
dat de wâl altyd keart
Sa strún ik oer myn eilân
fyn it strân werom fan dy en my
Ik lês it sân,
tel op ’e nij de ribben
oer dyn rêch en fiel my hjir
finzen frij.
* Oersetting basearre op twa Nederlânske oersettingen fan it Russyske orizjineel,
beide mei de titel: Poging tot jaloezie
1. Van Aken/Das/Khrapovistkaja/Lubbers; út de bondel Jouw tedere mond – één en al kus
2. Berg/Wiebes; út de bondel Tsvetajeva – Werken
By de Iepen Up Live fan 14 oktober, dat oer en mei de Fryske TikTok-community gie, mocht Ilse Vos foardrage fan har poëzij.
Sjoch hjir om de hiele útstjoering werom te sjen.
Edwin de Groot mocht foardrage by de earste Iepen Up Live nei in lang koroanaskoft. kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok wie de haadgast fan de jûn.
Sjoch foar de folsleine útstjoering hjir en foar Edwin syn gedicht hjir.
Heal septimber strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t middeis makke waard jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.
Carla van der Zwaag en Janna van der Meer yn it Hoarnster bosk. Foto: Geart Tigchelaar
Hjoed de tredde publikaasje. It is in spoken word-bydrage fan it duo Janna van der Meer en Carla van der Zwaag: ‘duel of duet?’ Geart Tigchelaar makke it filmke en die de audiomiks.