Heal septimber strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t middeis makke waard jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.

Hjoed de fjirde publikaasje. Fan Ruud Knier, Yva Hokwerda en Syds Wiersma. Ruud, in natoerman, naam de beide fêstelândichters mei op in tocht fan Hoarn troch de dunen nei Midslân oan See en doe fierder nei syn hûs yn Midslân-Noard. Yn it skaad by him yn ’e tún setten Yva en Syds syn gedicht ‘Terschelling’ yn it Frysk oer en skreau Ruud in fers oer hoe’t de beide dichters oan it oersetten wiene. Werom op de Folkshegeskoalle skreaune Syds en Yva noch in eigen gedicht.

Ruud Knier Terschelling je ligt in de baarmoeder van het Lage Land omsloten door het vruchtwater van de zee door de bedding van je navelstreng daal ik keer op keer in in jouw langgerekte lichaam ik verstop me op je koesterende plekken onderga je rust en je zuiverende ziel terwijl ik me - met jou - laat wiegen door het levenbrengende water en wanneer mijn herboren ik jou - eeuwig ongeborene - verlaat en ik terugdrijf naar het moederland zie ik je vol weemoed in de verte vervagen: Terschelling Skylge do leist yn it limoer fan it Lege Lân omfieme troch it fruchtwetter fan de see troch de slinge fan dyn nâlestring daal ik kear op kear yn yn dyn langrutsene lichem ik bring mysels ferside op dyn koesterjende plakken ûndergean dyn rêst en dyn suverjende siel wylst ik my – mei dy- widzje lit troch it libbenbringende wetter en as myn nijberne ik dy – ivige net-berne – ferlit en ik weromdriuw nei it memmelân sjoch ik mankelyk dy yn ‘e fierte ferdizenjen: Skylge oersetting: Yva Hokwerda, Syds Wiersma
Ruud Knier Geboorte een scherpe zucht, een geest ontsnapt aan de kan en ontvouwt zich als een wolk boven de tafel breinen buigen zich over een te verfriesen vers vol te vertalen woorden knarren proberen de code te kraken op de weerbarstige deur van een te openen kluis plots vallen de geesten samen met de nog dwarrelende wolk, ontcijferende klanken klinken en de deur opent zich voor de verdichte woorden van het herboren vers: Schylge

Syds Wiersma yn moria's mui wat fêst en wat los bestiet mei sân dêr gnirdzjend tuskenyn drifkjend oer earm dún fynt fanneed ûndjip woarteljend hâld yn it omwrotten spoar fan de dichter wachtet de krigele miggedea mei syn hert dauwiet sobjend op in ynsekteskeletsje ridderke yn it harnas stoarn de wurge gensiaan mei de mantel net iepen in steile keningin koegelwiecks moadetiran pronket net mear ik wrakselje yn moria’s mui de brui, de brui wol ik jaan dy lytse god fan my stiet mar te dûnsjen op fleagjende wolkens fan stosel bist fongen frij op dit omklamme lân mei pushback wetters achter maskers seit de dichter frij fertaald jout it him del, krigest it op mei hokker rjocht eins oars as neam it gloede en brân fan koetsebei hannen dy’t har waskje yn fliekrûd even rosse rûkst it eilângefoel mar gjin beskûl, gjin macht gjin rjocht tsjin de stoarmen fan it fjoer toarnbei hâldt, ikel falt yn moria’s mui giest oan dit heartbreak hotel foarby
Yva Hokwerda Skylge-blau En… hoe libbet it mei in oar, – wenstiger? – Ien slach mei de rym! – Allike hurd as de kustline ferdizene it oantinken Wei fan dy, ik, driuwend eilân … (út in fers fan: Marina Tsvetajeva – In writen fan jaloerskens) * In sucht nei skjinne leylinen – tusken dyn tsjerke en myn tsjerke – brocht my fan ’e wâl nei ’t eilân wer – werom Dyn bywêzigens wurd ik algau gewaar yn ’t skieppeklokjesblau ek al binne de blommen like ticht – hjoed – as dyn doetiids sliepende eagen Op ’e nij skinny-dip ik my yn ús blauwe inket fiel hoe wetterfêst it is – dizze kleur fan wat wy net beneamme kinne, net te lêzen fine yn ús tsjerken en oan ’e himel nearne sichtber is myn geast fljocht wêr’t se kin waait in lân nei dat de wâl altyd keart Sa strún ik oer myn eilân fyn it strân werom fan dy en my Ik lês it sân, tel op ’e nij de ribben oer dyn rêch en fiel my hjir finzen frij. * Oersetting basearre op twa Nederlânske oersettingen fan it Russyske orizjineel, beide mei de titel: Poging tot jaloezie 1. Van Aken/Das/Khrapovistkaja/Lubbers; út de bondel Jouw tedere mond – één en al kus 2. Berg/Wiebes; út de bondel Tsvetajeva – Werken