DerGjitr

DerGjitr skriuwt teksten, rapt, sjongt en draacht foar. Melodyske foardrachten mei djipsinnige râne. Grappich en bewust. Eksperimintele Hip Hop. Orginisearret Spoken Word Jam Sessions, flocht by Noardewyn Live en helpt mei by de Full Moon Jam Sessions. Fan 6 oant en mei 12 augustus 2017 toerde DerGjitr mei de Poëzybus fan Swolle oant it suden fan België. Op YouTube komt alle woansdeis in lûd online fan syn trijtalige Ferstrûpe mixtape. Yn 2018 stie er op Aaipop en op 28 juny fan datselde jier hie er in optreden op it Taribushkuna festival. DerGjitr hat syn eigen minimalistyske, figurative tekenstyl en makket fideo’s.

Ynstjoerde gedichten:
De loft


DE LOFT

de loft ropt troch it lûd hinne
it lûd wurdt suver
sûnder barst of brekking
yn it ein

de O sa ljochtblauwe heldere loft
wit harren plak
Oerkapet
it lûd fan boartsjende bern
en it snoarkjend ferkear
dat oer it asfalt riden bliuwt

de wrâld dy't ik hjir oantref
liket wol opdield yn
fakjes
nammen
saneamde keuzes

weryn 't minsken
harsels nammen
mekoar titels
jouwe

der is praat oer
rike sjeiks
mei in soad jild
wylst wy ynteger
mei mekoar omgean

fossile brânstoffen
de enerzjy
it lûkt wat oan

‘k bin mysels net
‘k bin myn skaad net
‘k bin myn suvere siel net

ron
op it beton