Twadde publikaasje Waailân

Simen de Jong oan it skriuwen op de Folkshegeskoalle, mei op ‘e achtergrûn Ina Schroders-Zeeders en André Looijenga. Foto: Geart Tigchelaar

Twa wiken lyn strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t middeis makke waard jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.

Hjoed de twadde publikaasje: de gedichten skreaun troch de groep mei de dichters André Looijenga, Simen de Jong en eilândichter Ina Schroders-Zeeders. It gedicht ‘De driig’ fan Ina kinne jo ek yn Fryske oersetting lêze. Dy waard makke troch André.

De kommende tiid publisearje wy ek de kreaasjes fan de oare dichtersgroepen.

Ina Schroders-Zeeders

De driig

Ik zag: jouw begrip – een driig
een stoet van bleke mensen
naar het kerkhof van Sint Jan

Jij graaft nu diep in mijn versteende woorden
alsof je de ochtend zoekt 
voor de tranen vielen, 
alsof je weet waar de kist ligt
waar onbeweeglijk de kist ligt begraven

waar het schrijnt, het silicium knarst
op het graniet van mijn ziel

Ik zag een driig
en het waren allemaal bekenden

Vaag rook de grond naar een dag in het voorjaar

Jij graaft door het graniet
raakt de kist – bijna

Zie maar, je ligt hier niet, wil je zeggen
Maar het is september, zeg ik, het is nog te vroeg

De kraaien lachen om de vergissing


De driig

Ik seach: dyn begryp, in driig
in omgong fan bleke minsken
nei it tsjerkhou fan Sint-Jan

Do dolst no djip yn myn ferstienne wurden
lykas sikesto de moarntiid
foar’t de triennen foelen
lykas witsto wêr’t de kist leit
wêr’t ûnferwrikke de kist leit yn ’e grûn

dêr’t it skrynt, it silisium knarst
op it granyt fan myn siele

Ik seach in driig
en it wie allegear kunde

Faach rûkte de grûn nei in dei yn it foarjier

Do dolst troch it granyt
rekkest de kist – hast

Sjoch mar, do leist hjir net, wolst sizze
Mar it is septimber, sis ik, it is noch te betiid

De krieën gnize om it fersin


Oersetting: André Looijenga
Simen de Jong, André Looijenga en Ina Schroders-Zeeders yn it Hoarnster bosk. Foto: Geart Tigchelaar

Simen de Jong

Ferslach fan in kuier

Dit hûs út rjochtsom
rûnen wy links in leane yn
en swalken oer âlde grûn
nei in heger plak dêr't
yn ’e midden skiednis pronke.

In stoere toer mei syn skip
fan reade stiennen nûge ús.
Hoewol’t de dei noch sneon
wie de doar foar wolkom iepen
en doarmen wy dêr fierder.

Sa skoan beheind waarden wy
troch de skientme fan sin en ienfâld
opnommen, ferbjustere fol betizing:
wa, wat libbe hjir, wat noch yn ús?
dat fregen we de frou dêr mei in kaai.

Sy wiisde nei rûnom de grêven
wy swalken wer links en rjochts
oer smelle paden tusken de sarken
seagen dy fan Doekens, Ruig en Cupido
âld en jong út ’e tiid, wy noch yn it no.
Optreden jûns yn it iepenloft-teaterke fan de Folkshegeskoalle. Foto: Geart Tigchelaar

 

André Looijenga

it ûnderstode wêdenboek

noardkant de tsjerke fan Hôane
ha se burgen ûnder ’t tsjerkhouspaad
lânferhuzers fan de Wilhelmsburg
sûnder nammen wei yn frimde groon

op har grêf stean ’k wiis te praten
it poartsje net fan de noarmannen
wiis ik oan, oait ynstood yn ’e dune
hear ik oer in omke dy’t bleau op see

oer de hôs dy’t de lykwein lûke
op ’e smelle haadwei, hynders dy’t
by mim of poeë yn dream ferskynden
lear ik, foarsei ynkoart begraffenis

tusken dúnsân en it skowend waad
dizze streek, betink ik, dêr’t ôde wêden
as spoaren yn de seadde bliuwe
Aasterse luuden út it wurdboek dold

wy libje, wy fernimme, bewarje
as goudjild yn seeljus bûsen naaid

 

Taljochting:

It gedicht fan André Looijenga is skreaun nei in besite oan it âldste gebou op it eilân, de midsiuwske tsjerke fan East-Skylge, yn it selskip fan Ina Schroders-Zeeders en Simen de Jong. Op it tsjerkhôf kamen de ferhalen boppe fan it emigranteskip Wilhelmsburg (fergien yn de nacht fan 3 op 4 desimber 1863), fan oare drinkeldeaden, en fan de driig.

Under it Nederlânsk dat de eilanners tsjintwurdich meast prate sit noch de laach fan de âlde eilântalen. De Aasterse wêden (wurden) binne foar in part te finen yn it ‘Woordenboek van het Oosterschellings’ fan C. Roggen (Fryske Akademy 1976).

Kursus poëzy skriuwen úteinsetten

De kursus poëzy skriuwen dy’t Dichterskollektyf RIXT yn ’e mande mei Tresoar opsetten hat is juster úteinset yn Neushoorn, mei as earste lesjouwer Kate Schlingemann. Der binne mear kursisten as ferwachte, mei’t de nije lokaasje dêr de feilige romte foar joech!

De kursisten oan it wurk. Foto: Geart Tigchelaar

Alle lesjouwers hawwe twa jûnen ta har foldwaan om harren ûnderwerpen te behanneljen. Dat is drekst de bedoeling fan ’e kursus, om ferskate ynfalshoeken, ûnderwerpen en perspektiven oan bod komme te litten. It bliuwt sa net by ien poëtika fan ’e lesjouwer en sa bringt elk syn eigen wize fan lesjaan en ekspertize yn de kursus. Sa gie Schlingemann yn de earste jûnen yn op dat wat foarôfgiet oan it skriuwen: de motivaasje, de trigger, de start fan it kreative proses.

 

Kate Schlingemann byt it spit derôf. Foto: Geart Tigchelaar

Edwin de Groot sil nei Schlingemann yngean op it aspekt fan ’e ferbylding troch it brûken fan byldspraak (metafoar en ferliking). Dien L. de Boer buorket dêrop fierder troch de metafoar, it byld, de ferliking fierder út te wurkjen op it nivo fan it wurd. Geart Tigchelaar giet as ien nei lêste lesjouwer yn op ferskate foarmen fan poëzy, en dan benammen op fisuele poëzy as lyts útstapke om it begryp poëzy op te rekken. Tryntsje van der Veer wurket yn ien jûn mei de kursisten oan de performance, de foardracht, de diksje foar in einoptreden dêr’t de kursisten de gelegenheid krije om harren wurk te presintearjen.

Earste publikaasje Waailân

Ilse Vos, Jolanda Gooiker, Simon Oosting by Kaap Hoorn. Foto: Geart Tigchelaar

Twa wiken lyn strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t dy sneons makke wie jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.

De earste trije dichters fan wa’t it optreden no bewurke is ta in online presintaasje, binne Ilse VosSimon Oosting en Jolanda Gooiker. Jo kinne harren bydrage hjir besjen. De kommende wiken publisearje wy ek de kreaasjes fan de oare groepkes.

Geart Tigchelaar makke de filmmontaazje, Ilse Vos de audiomiks.

RIXT-dichters by SatelLiet yn Aldebiltsyl

Freedtejûn 19 septimber waard SatelLiet holden yn Aldebiltsyl. SatelLiet is sûnt foarich jier it foarprogramma fan it Frysk Sjongfestival LIET. SatelLiet waard freed op trije lokaasjes holden: de Aerdenplaats, de Julianatsjerke dernjonken en de Schuilschuur fan Ouwesylster Neeltje van den Brand. By Neeltje wie twa kear in optreden fan de RIXT-dichters Christa Niklewicz en Geart Tigchelaar. Sy wurken dêrby gear mei muzikant en dichter Lukas Graff. Tigchelaar brocht in rige fersen út syn nije bondel Ommers. Niklewicz droech foar en song út eigen wurk. Graff begelate de beide dichters op de toetsen en brocht ek eigen dichtwurk. Hjir fine jo in fotoympresje fan it optreden.

Christa Niklewicz mei Lukas Graff – Foto: Geart Tigchelaar

 

Lukas Graff – Foto: Geart Tigchelaar

 

Geart Tigchelaar – Foto: Syds Wiersma

 

Gastfrou Neeltje van den Brand hjit publyk en dichters wolkom – Foto: Syds Wiersma

 

Einoptreden Waailân: dichters op it eilân

De groep dielnimmende dichters oan Waailân: dichters op it eilân. Foto: Geart Tigchelaar

Justerjûn hawwe de dichters harren wurk fan Waailân foardroegen foar it publyk mei it einoptreden yn it wynstille iepenlofteater de Rûnte ûnder in hieltiten tsjuster en moaier wurdende stjerrehimel.

As earste wiene oan bar Ilse Vos, Jolanda Gooiker en Simon Oosting, mei harren poëtyske fertelling fan de dei, mei ‘Deiferslach’.

Ilse Vos, Simon Oosting en Jolanda Gooiker ‘Deiferslach’. Foto: Geart Tigchelaar
Simon Oosting. Foto: Geart Tigchelaar

Oard wiene Simen de Jong, Ina Schroders-Zeeders, André Looijenga mei ‘It Hôf’. Harren gedichten wiene ynspirearre troch it tsjerkhôf dêr’t hja west hiene én it Skylger wurd ‘driig’.

Simen de Jong, Ina Schroders-Zeeders, André Looijenga mei ‘It Hôf’. Foto: Geart Tigchelaar
Simen de Jong, Ina Schroders-Zeeders. Foto: Geart Tigchelaar

As tredde kamen Janna van der Meer en Carla van der Zwaag mei harren ‘duet of duel?’, in dûbelspul tusken see en eilân.

Carla van der Zwaag en Janna van der Meer mei ‘duet of duel?’ Foto: Geart Tigchelaar

Tryntsje van der Veer, Dirk Geerdink en Nienke Zorgdrager slueten dêr op oan mei harren meartalige optreden ‘Eindland/Einlân’.

Nienke Zorgdrager, Dirk Geerdink en Tryntsje van der Veer mei ‘Eindland/ Einlân’. Foto: Geart Tigchelaar
Tryntsje van der Veer. Foto: Geart Tigchelaar

Ofslutende groep wie Ruud Knier, Syds Wiersma en Yva Hokwerda mei harren optreden ‘Skylge’.

Ruud Knier, Yva Hokwerda (Syds Wiersma) mei ‘Skylge’. Foto: Geart Tigchelaar
Yva Hokwerda. Foto: Geart Tigchelaar

Mei in soad niget hawwe wy yn de Rûnte sitten en geniete en harke nei alle dichters en de omjouwing. It wie in moaie ôfsluter fan in daalders kreative dei en it optreden liet goed sjen wat de dichters mei-inoar fersette kinne bywannear’t hja de frijheid hawwe om op it eilân te strunen, ynspiraasje op te dwaan en mei-inoar de ferbining te sykjen.

Dichterskollektyf RIXT – ‘De bui’

Yn ‘e wike fan 1 oant en mei 7 augustus siet Dichterskollektyf RIXT yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op ‘e Feanhoop. Alle dagen kaam der in twatal del om oan in strofe te wurkjen, om sa mienskiplik in gedicht te skriuwen.

Dichter fan ‘e moanne Cornelis van der Wal hie de eare om de earste strofe te skriuwen, dat er begjinne liet mei de rigel: ‘De bui nimt de mar net.’, ôfkomstich út Rink van der Velde syn roman ‘De nacht fan Belse Madam’ (1991). Sa joech in Rigel fan Rink de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.

Alle dagen belle Omrop Fryslân mei it oanwêzige twatal om te hearren hoe’t it gedicht him ûntjoech. As ôfsluter waard it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.

De dielnimmende dichters wienen:

Cornelis van der Wal
Janneke Spoelstra
Rein de Lange
Kate Schlingemann
Edwin de Groot
Anne Heegstra
Simen de Jong
Tialda Hoogeveen
Carla van der Zwaag
Ypie Bakker
Tsjisse Hettema
Syds Wiersma
Dirk Geerdink
Yva Hokwarda
Jan Kooistra

Ynlieding ynsprutsen troch Geart Tigchelaar
‘De bui’ ynsprutsen troch Cornelis van der Wal
Filmke makke troch Geart Tigchelaar

Sykje nei in faksin

RIXT-dichter Janneke Spoelstra wie ien fan de gasten yn Cultuur aan Huis fan 12-05-2020. It item mei Janneke begjint op 16:10. Klik op ‘e foto.

Lês hjirûnder it fers dat se foarlies.

Sykje nei in faksin

Foardat oaren ek wisten dat ik
dichter wie, learde ik in fak
en troch in mikroskoop
it grutte yn it lytse te sjen

immen rôp: ‘kom hier es,
is dit in bacterie of een virus?’
ik tocht altyd: hoe sjogge se ús?

en learde hoe’t se diele, flugger as
Facebookberjochten har ferspriede
úteinlik wie Slauerhoff ek dokter
wurden en Leo Vroman biolooch

mei omkearde hannen siet ien
oan ’e knoppen en de learaar sei:
‘hee, hoe melke se de kij by jim
op ’e pleats?’ lytse-bistjes-boeren
wiene wy, gjin opbringst oars as
op lytse skaal, ien sei: ‘as ik
oan al dy aminosoeren yn
myn liif tink, dan knap ik hast!

en ik knope it yn ’e earen dat in
professor sei: ‘óárloggen wurde
troch mikro-organismen besljochte,’
gôh, tocht ik doe, miskien,
tink ik no, kinne se der ek troch
ûntstean, soms bin ik deabenaud
en dan haw ik noch net iens koroana

wy wiene thús noait net sa tuterich,
mar mem, o, mem, wat wol ik dy no
graach in tút jaan, al wiken is myn
grutste eangst dat ik dy’t my it libben
joech, it libben ûntnimme soe

en wylst wy ús elk yn ús eigen sel
opslute, hát in firus net iens in
selwand, in firus nimt gewoan de
kontrôle oer, yn ’e gasthear-sel

ja, ik wit in bytsje fan wat der omgiet
yn ’e grutte lytse wrâld, it wie in
nommel fak dat ik learde, mar doe’t
de wurden hieltyd lûder rôpen, waard
ik stadich mear de dichter, en soms
freget immen of eat om in fers, sa’t
Fedde Schurer skreau: ‘in dichter is
in minske dat in fers skriuwt as
syn folk derom freget’, no ja,
hy skreau fan ‘fint’, net ‘minske’

it is mar wat jins ropping is
myn broer loadst einepiken
de krisis troch nei de sleat

en wat is de ropping fan de
eamelders dy’t út alle kieren
ûnder de flier wei komme, as
talkshowgasten, se fleane by
de ruten en de muorren op
en dan steane nóch 90 fan de
100 fleanmasinen oan ’e grûn

wat gjin aksjegroep slagge, krijt
sa’n skytminiskúl dieltsje dna of rna
klear, oft dat no syn ropping is of net

en skjin is de loft, as desennia lyn
doe’t ik in fak learde, miskien as ik
der yn trochleard hie, wurke ik no
oan in faksin, miskien hie ik jimme
dan rêde kinnen, miskien makket in
gedicht in hiel lyts bytsje ymmún