Sinteklaasferslach Arriva Ineke van der Heide

Myn Sinteklaas.

Rymjend rin ik troch ús hûs.

Arriva freget foar 5 decimber fluchdichters yn bus en trein. Ik ha my dêrfoar opjûn.

Foar bern, beppesizzers en buorfrou meitsje ik Sinteklaasrym. Ik oefenje. It moat it aanst al fluch …de bus is samar wer by in oar doarp.

Ik sykje rymwurden by Drachten,

want nei alle gedachten

wurd ik de dichtsjende diva

yn de bus fan Arriva.

Ek meitsje ik thús al rym foar de sjauffeurs:

5 desimber 2022

Foar de meiwurkers fan Arriva.

Fan moarns ier

oant jûns let

binne de minsken fan

it iepenbier

ferfier

mei plezier

yn it spier

foar ús.

Mei in komplimint

fan de Sint.

It liket grif komysk

Mei in waarme wite Arriva jas, en in huodsje op ‘e holle, stap ik yn Ljouwert yn ‘e bus. Myn maat, Swarte Pyt, komt net út Spanje mar út Frankryk. Ik neam him hjoed Frâns. Hy is blank, en hat in gouden kroan op ’e holle krigen. Yn it deistich libben is hy studint yn Grins. Hy dielt pûdsjes mei pipernuten út. Yn de bus sit jeugd dy’t fan skoalle komt. Allegear ha se ‘earkes’ yn. Foar my komt de tas fan de stoel en gean de earkes út. Berber hjit se. ‘Se fiere gjin Sinteklaas, mar in Sinteklaasgedicht foar harsels? Ja wis.’ Se is ûnderweis nei hûs ta.

Ik pak in lege side fan myn rymboek. Set har namme yn ‘e midden en al pratend skriuw ik losse wurden as in spin om har namme. Bus, Ljouwert Drachten, havo eksamenjier. Dan meitsje ik sinnen. Trije rigels ha ik op papier…en sis… meist ek mei tinke. Berber makket sels rigel fjouwer. Ik lês it gedicht oan har foar. Se glimket as ik it har oerlangje.

Yn Drachten siket Frâns de bus nei Bûtenpost. Hy is der handich yn en dat komt moai út. Wylst fermeitsje wy ús pratend yn it Nederlânsk mei Ingelske wurden der by as Frâns it Nederlânske wurd net wit. Ik weagje my der net oan om yn it Ingelsk werom te praten. Ik moat yn de Fryske rymmodus bliuwe.

Femke sit yn ‘e bus nei Surhústerfean. Ek no pak ik in lege side en skriuw. Se hat 4 desimber al Sinteklaas fierd. Se hat kaartsjes krigen foar de Frisian Proms, it grutte hynstebarren yn Ljouwert. It wurdt in rym dêr’t Sinteklaas yn betanke wurdt foar syn kado. Ik lês it foar. Glimkjend docht se it rymwurk yn har tas.

Femke.

Utdieljend en rymjend ride wy mei bus en trein troch Fryslân. Sa moai, sa feestlik! Werom yn Ljouwert lizze der noch bakken fol mei pûdsjes pipernuten. Frâns hat er handichheid yn krigen. ‘Wil je ‘pipernuten’? Cadeautje van Arriva!’ Hy rint op en del oer trein- en busstasjon oant alles op is.

Sa bringe wy de pipernuten en it Fryske Sinteklaasgedicht foar it fuotljocht.


Ineke van der Heide.

Oade oan de ko

Wat sizze de ko, de boer en de boarger?

Pilot ‘Oade oan de ko’ yn Turns

Twa Fryske molkfeehâlders, de firma’s Schaap en De Boer yn Turns, dogge mei oan in pilotprojekt foar ‘Oade oan de ko’. Yn dizze pilot hawwe dichters en learlingen fan basisskoallen mei de ko en alle ferhalen deromhinne oan ‘e slach west.

Dichters op de pleats

De boeren binne keppele oan in dichter. Elmar Kuiper oan de boeren fan firma Schaap (Nelleke, Sjoerd en Jelmer) en Ytsje Hoekstra oan it molkfeebedriuw De Boer (Gerben, Wiebe en Auke-Ids). De dichters hawwe ûndersocht wat de hjoeddeiske relaasje tusken boer en ko is. Hoe stiet it derfoar mei de ko yn in tiid dat saken as stikstof, fosfaat, metaan, grûnwetterstannen, fersuorring en miljeu-easken foar ûnrêst en betizing soargje yn de sektor?

 

Ytsje Hoekstra

Feeboeren, har kij en de poëzy dêrfan

De dichters útfanhuzen inkele dagen op de pleats. Sy hawwe har ferdjippe yn de bedriuwsfiering, kultuer en skiednis van ‘harren’ boer. Sy holden har ek dwaande mei de aktuele dilemma’s yn de agraryske sektor. Dat smiet ferhalen en gedichten op. Learlingen fan de boppebou fan twa basisskoallen yn de omkriten, de Epema-skoalle yn Ysbrechtum en de Bonifacius-skoalle yn Reahûs, binne ek by it projekt belutsen. Sy hawwe op ekskurzje west nei de kij en fragen steld oan boer en boerinne. De bernegedichten binne ferwurke ta poëzyposters dy’t by de presintaasje op de pleatsen te sjen binne. De gedichten binne skreaun yn de memmetaal, oant no ta yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

De presintaasje fan it projekt

Tongersdeitemiddei 15 desimber 2022 (fan 13.00 oant 17.00 oere) wurde de risseltaten fan dizze artistike pilot presintearre op beide pleatsen. Belangstellenden kinne dan sels sjen hoe’t it der mei de kij op de beide bedriuwen foarstiet. De poëzyposters hingje tusken de kij. It Frysk Film & Audio Argyf toant dêr in histoarysk oersicht fan bysûndere filmbylden fan kij op en om de pleats, dat de skiednis fan de Fryske feehâlderij beljochtet. De beide dichters sille op harren ûndersykslokaasje ferhaal dwaan en gedichten foardrage. Der kin ek rauwe molke preaun wurde.

In inisjatyf fan de Stifting Boer en Keunst

Oade oan de ko is it earste grutte projekt fan de Stifting Boer en Keunst dy’t har ta doel steld hat om keunst yn te setten om de ferbining tusken boer, boarger en plattelân te befoarderjen, troch romte foar ferbylding te meitsjen. It projekt is ûnderdiel fan IIS, it mienskipsprojekt fan Arcadia. IIS is in produksje fan Arcadia en Keunstwurk en wurdt mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Prins Bernhard Cultuurfonds en Univé. IIS is in projekt mei in maatskiplike eftergrûn: hoe binne wy goede foarâlden foar de generaasjes nei ús? 

Elmar Kuiper

De stap nei in folle grutter projekt

Willy Bergsma, community art keunstner, hat it plan betocht en de útfiering dien.

Takom jier folget nei de pilot it gruttere projekt Oade oan de ko. Dan dogge der folle mear molkfeebedriuwen en dichters mei. Ek oare disiplines, njonken poëzy byldzjende keunst en teater, sille dan ynset wurde om de ferhalen fan de boer en de gedichten krêft by te setten en de ko op keunstsinnige wize út te ljochtsjen.

De titel ‘Oade oan de Ko’
De titel fan it projekt is ûntliend oan in dichtbondel fan Willem Abma. De nestor fan de Fryske poëzy hat in bysûndere bân mei de ko, dy’t foar him in mytyske betsjutting hat as fiedster fan de minsken. Yn syn bondel Oade oan de Ko (2013) stiet de ko sintraal, krekt as yn dit keunstprojekt.

————————————————————————————————————————

Datum: 15 desimber 2022
Lokaasje: Kilewierwei 1 en 2, 8632 WL, Turns
Tiid: 13.00-17.00 oere

Literêr Sirkwy op 16 desimber yn Drachten

IT LITERÊR SIRKWY – stimmen, lûden en tiden yn Drachten

 

Freedtejûn 16 desimber hâldt Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear yn Drachten, by kafee Marktzicht. Der trede sân dichters op en de poëzyband DOT WIER’UM bringt ferskate nûmers út de gedichtesyklus ‘Achterdyk’. In iepen poadium is der fansels ek wer, foar wa’t graach dichtwurk oan it publyk hearre litte wol.

Yn augustus siet RIXT mei in pear dichters in wike op it skriuwersarkje op de Feanhoop. Se hellen in projekt út de jierren 90 foar it ljocht. Doe waard yn alle Fryske gemeenten in Fryske dichter keppele oan in byldzjend keunstner. Dat smiet 32 nijsjirrige wurken fan byld en wurd op en dy waarden prachtich bibliofyl útjûn. Grutte nammen as Baukje Wytsma, Jan. J. Bijlsma, Willem van Althuis, Sjoerd de Vries en Gerrit Terpstra wiene dêr doe by belutsen. RIXT rôp dichters op om te reagearjen op de fraach: Hoe sjogge jimme mei de eagen fan no nei dy bylden en wurden fan doe? Guon dichters (Gerrit de Vries, Simon Oosting en Edwin de Groot) hawwe dêr ôfrûne simmer gehoar oan jûn en sille op dizze Literêre Sirkwy-jûn hearre litte hoe’t sy harren troch dy stimmen fan doe ynspirearje litte.

Dêrnjonken is Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma yn Drachten fan de partij, lykas de jonge dichters Hindirk Hannema en Marije de Lange. Syds Wiersma ferbyldet mei de poëzyband DOT WIER’UM it libben en fiskerslatyn fan de âldste garnalefisker fan it Waad, fêstlein yn syn gedichtesyklus ‘Achterdyk’.

In jûn oer doe en no, mei in ryk ferskaat oan stimmen, lûden en tiden.

————————————————————————————————————————-

Datum: 16 desimber
Tiid: 20.00-22.00 oere
Plak: Kafee Marktzicht, Drachten (Oudeweg 14, 9203 AG)
Tagong: fergees
Dichters: Edwin de Groot, Hindirk Hannema, Sigrid Kingma, Marije de Lange, Simon Oosting, Gerrit de Vries, Syds Wiersma

Dichterlik Moarre op 23 oktober 2022

Dichterlik Moarre op 23 oktober 2022

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearret in poëtyske middei op sneintemiddei 23 oktober yn De Stikel yn Moarre om 15:00 oere.
In ryk ferskaat oan dichters passearje de revu. Sa drage gemeentedichter fan Smellingerlân Katherine van der Velde, âld-Dongeradichter Akke Brouwer, oanstoarmjend talint Eelke Veltman en Streekdichter NEF Geart Tigchelaar op harren hiel eigen wize en taal alle fjouwer foar. Muzikale omlisting wurdt fersoarge troch Feike van der Zee.
Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium. Oanmelde kin fia ynfo@wurdbyld.com. De tagong is fergees.
Geart Tigchelaar (1987) is ferline jier oansteld as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en oefenet dat amt twa jier lang út. Dêrby wol er de poëzy ûnder de oandacht bringe troch it inisjearjen fan ûnderskate projekten en poëzymiddeis.

It Literêr Sirkwy yn Burdaard – snein 22 maaie

Parseberjocht Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân

It Literêr Sirkwy op 22 maaie yn Burdaard

De loft is blau fan dagen

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearje mei-inoar in poëtyske middei yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op sneintemiddei 22 maaie 2022 om 15:00 oere.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy middeis bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.

Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium. Dus jou jo op om mei te dwaan en lit jo dêrby foaral liede troch it tema – al is in tsjinoersteld fers like wolkom. Meld jo oan fia ynfo@rixt.frl.

Frysk Dichterskollektyf RIXT is in kollektyf dêr’t mear as 50 dichters by oansletten binne. Op rixt.frl komme geregeld nije fersen dy’t skreaun binne op de aktualiteit. Streekdichter Geart Tigchelaar hat him foarnommen om de poëzy yn alle soarten en foarmen safolle mooglik ûnder de minsken te bringen.

MFS It Spektrum, Skoalstrjitte 12, Burdaard
Tagong fergees

Fotogalerij literêre jûn Kor Onclin yn Obe

Foto’s: Haye Bijlstra, © Tresoar

Foar mear ynfo oer de jûn, sjoch hjir

Totems fan Kor Onclin
Syds Wiersma iepenet de jûn
Muzikant Ruben Bus begeliedt meardere dichters
Mees van Rijswijk
Tryntsje van der Veer
Marleen Onclin oer it libben en wurk fan har man
Edwin de Groot
Syds Wiersma
Dêrgjitr
Organisator Koen Haringa
Albert Schaafsma
Skoft, mei Alfrida Adema
Skoft
Carla van der Zwaag
Yvonne Willems (rjochts), kurator fan de tentoanstelling; Wieke de Haan (midden), mei-organisator fan de jûn
Ina Schroders-Zeeders
Nochris Mees van Rijswijk
Marco Klüte
Iris Dicke
Nochris Iris Dicke, begelieden op gitaar
Rinske Dolstra
Alfrida Adema, mei har debút en plein public
Ruben Bus
Marleen Onclin slút de jûn ôf

It Literêr Sirkwy by Kor Onclin – freed 1 april

Datum: 1 april 2022
Plak: Obe, poadium foar Fryske kultuer – Oldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
Tiid: 19.30 – 21.30 oere (ynrin 19.00)
Tagong: €5
Oanmelde by: ynfo@rixt.frl

Op freedtejûn 1 april hâldt Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear wurdt de jûn organisearre yn gearwurking mei Tresoar. It wurk fan byldzjend keunstner Kor Onclin foarmet de oanlieding. In seleksje út it wurk fan Onclin is te sjen yn de tentoanstelling Ferwûndering & Ûngerêstens yn Obe, poadium foar Fryske kultuer. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan Tresoar poëzy skreaun by skilderijen fan Kor Onclin. Guon fan dy gedichten, ynklusyf in pear fan Onclin sels, binne opnommen yn de tentoanstelling.

Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) wurke yn in lyrysk en abstrakt ekspressionistyske styl. Syn kleurgebrûk is faak oerdiedich. In troch Onclin skildere kop is in lânskip, dêr’t it libben syn spoaren trochhinne lutsen hat. Onclin wie altyd op ‘e syk nei de ferwûndering: it finen en op ‘e nij finen dêrfan. Fan 1978 oant 2002 wennet en wurket er mei syn frou Marleen yn it Frânske doarp Privas yn de Ardèche. Syn kleuren krigen dêr noch mear helderheid, syn styl waard der noch persoanliker en yntinser.

Dichteres Griet Westra skreau in haikû by it skilderij Upside-down út 1995. Dit skilderij is ferwurke yn bygeande programmaposter.

fielst dy sûnder siel
sa blau, dyn wrâld sa readrau
do rinst dwers troch my

Oare dichters fan wa’t poëzy yn de tentoanstelling te lêzen is, binne Tryntsje van der Veer, Edwin de Groot en Syds Wiersma. Sy litte har gedichten op 1 april klinke by de doeken fan Onclin. De dichters Carla van der Zwaag, Mees van Rijswijk en Dêrgjitr trede ek op. De eilândichter fan Skylge, Ina Schroders-Zeeders, is ek presint.

Dêrnjonken fertelt Marleen Onclin it ferhaal fan it libben, de ynspiraasje en de keunst fan har man.

De Biltse muzikanten Jan de Vries en Ruben Bus meitsje muzyk. In jûn sûnder muzyk is gjin Kor Onclin-jûn. As keunstner socht Onclin de eigen minske- en stimmuzyk. Hy spile boppedat graach jazz.

De jûn wurdt ôfsletten mei in iepen poadium. Dichters dy’t optrede wolle, kinne har oanmelde by ynfo@rixt.frl

De literêre jûn wurdt mooglik makke troch in subsydzje fan de gemeente Ljouwert.