Fermoarde en fermeald

Op 13 maart 2019 lies Willem Abma dit kranteberjocht. In pear dagen letter skreau er der in gedicht oer.

© AFP
Fermoarde en fermeald

Fan albino’s wurde geloksdrankjes makke
foar politisy dy’t ferkiezingen winne wolle
yn lannen yn Afrika, Malawi bygelyks.
Manlju, froulju en baby’s mei in wite hûd
sûnder pigmint wurde ûntfierd en fermoarde.
Earms en skonken wurde har ôfhakke
soms as se noch libje, ja, soms as se noch libje.
Har wurde de bonken, it hier en fleis fermeald
en ta geloksdrankjes broud en tsjoend en
foar grou jild ferkocht troch medisynmannen.

Ik lies dit op side trettjin yn in moarnskrante;
op de foarside gie it oer de Brexit Brexit Brexit.
De dagen dêrnei ha ik oer dit berjocht neat mear lêzen.
Gjin lêzer dy’t reagearre, gjin redaksjoneel kommentaar,
gjin kollumnist; neat neat neat. Is it te grouwélich?

Bin ik no gek as ik wurden jaan wol oan wat ik lies?

© Willem Abma

in bult stiennen in stiennen bult / Notre-Dame de Paris

Geart Tigchelaar en Syds Wiersma skreaunen dizze wike elk in gedicht oer de Notre-Dame, Geart in fisueel fers en Syds in sonnet. De fersen foarmje in soarte fan twalûk en sa publisearje wy se dêrom ek.

   In bult stiennen In stiennen bult



© Geart Tigchelaar

 

Notre-Dame de Paris

In tsjerke hat wat fan in mins, fan bûten
sa faak fasade fan fertoan, dêr'tst meast
de hichte net fan krijst, mar as de fuotten
it skimerige skip troch slûpe, hearst

in stap fan pine en treast of sokssawat
dat sûnder datst it woest der is, ferealens
sa fielt it soms, op 't kleurich ljocht fan God
syn soan dy't opstie út in stee fan fealens.

Us Leaffroulju weitsjend oer dy wrâld
dy't seit dat brea en wyn yn bloed en lichem
fan 't omgeand heil feroarje, sykje hâld

as hja, de Keningin, de fik yn fljocht
want mear as erfgoed giet mei har nei gychem,
hjir wurdt in mem opnij nei 't krús ta brocht.

© Syds Wiersma

Semana Santa

Hjoed op Goedfreed it earste moannegedicht fan Gerrit de Vries, ús dichter fan de moanne april. ‘Semana Santa’ rekket oan guon aktuele saken dy’t yn dizze Goede Wike, de wike foar Peaske, plakfûnen.

Semana Santa

yn Southampton is it krekt
120 jier lyn dat Mary Anne Rogers
har libben joech foar oare passazjiers
fan fearboat Stella
God nim my
rôp hja doe’t it skip
yn de weagen ferdwûn

te uzes skrast in boreale ûle
slacht de heakken yn in lytse mûs
dy’t pipet dat God grut is
as de jûn falt slacht de ûle
wjukken út fiert ús de nacht yn
dat er mar fier fleane mei
messias fan Minerva op de rêch
swetsend oer de ûndergong
hiel fier it noarden yn

yn Vigo is de wike hillich
slane manlju mei pearse puntmûtsen
de iuwen lâns stap boem
stap boem op trommels
lûke in âlde Messias op in ezel
op in karre de krúswei bydel
stiet it folk mei palmblêden
en farske tûken Hosanna

yn Parys baarnt de Notre-Dame
mar de toarnekroan is rêden
en de wyn foar it lêste nachtmiel
kin noch skonken wurde
yn âlde gouden tsjelken

yn Amsterdam springe
kreas blanke ûnferstannen
op en del want Ajax
en op Skiphol wurde tulpen
yn in oare fûgel ynladen
foar stêd en wrâld

in maitiid as gjin oar
in maitiid as altyd
de palmtûken
kinne it jiskefet wer yn

Fergetten gongen

Hjoed in (anty-)maitydsfers fan Ypie Bakker, dy’t har foarige wike
oansleat by RIXT.

Fergetten gongen

Se omklammet in tas mei dierbere skatten
bûsdoek, âld kaai – It sulver hat se earne
bedobbe, seit se. Se is ferjitten wêr, ’t is al lang wei.

De moasgriene jas flabberet om it bonkige liif
op skuon fan keunstlear – want in ko mei net
dea – doarmet se troch fergetten gongen.

Juster wie ’k noch har bern,
hjoed bin ik mem en moarn
miskien samar in frou.

Oant oare kear, groetsje ik
en blaas har in tút.
Eagen fan glês rinne my nei.

Se sizze dat it maitiid is, ik fiel it net.
’k Wol it grien de grûn wol ynwâdzje
en snau tsjin de fûgels fan hâld jim de bek.

Nij ferhaal

Fleanbasis Ljouwert is fan moandei 1 april ôf oant en mei freed 12 april gasthear fan de grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag 2019. Sa’n 50 (jacht)fleantugen traine fan de fleanbasis ôf grutte en komplekse ynternasjonale missys. Geart Tigchelaar hat nei oanlieding fan al dat fleangeweld in gedicht skreaun.

 

Wat mear tuike oan, net ôfstappe

Hjoed it tredde moannegedicht fan Edwin de Groot, ús moannedichter fan maart. Syn yntroduksje ta it gedicht: ‘In minske hat twa earen, twa eagen, twa nieren en ien lever, mar dy lêste hat noch wat regeneraasjefermogen. Fan de motor, it hert, hat de stjerling mar ien en wat stikken is, is stikken. Dan is it de baas om de saak geef te hâlden. Wat net betsjut dat der neat mear mei. Meibûge mar net knibbelje.’

 

Wat mear tuike oan, net ôfstappe

In farsk liuwehert stiet foar de doar
mei bloedkanalen as ronkjende oargelpipen en kleppen
it ekwivalint fan blinkende blêdfearren út it alderbêste blauwe stiel

hy kaam foar de hometrainer op Marktplaats
koe der moai de ferbylde berchhellingen thús al belibje
syn poaten brâne litte yn in bonkemoarchrotteljende firtuele wrâld

ik rûn mei him mei nei syn auto elk oan ien kant fan de doaze
dy hie 'k bewarre, faaks dochs wol wat fan in fermoeden
in hertwand no, inkeld noch mei ile lucht

doe´t er fuortriid klonk út syn radio Frans Bauer
"Jaauuuw hart is van sjokolaaaa"
Godfergemy

ik núndere gau wat werom, wat fan Triggerfinger
Just let it ride, baby
Just let it ride

© Edwin de Groot