Op 13 maart 2019 lies Willem Abma dit kranteberjocht. In pear dagen letter skreau er der in gedicht oer.

Fermoarde en fermeald Fan albino’s wurde geloksdrankjes makke foar politisy dy’t ferkiezingen winne wolle yn lannen yn Afrika, Malawi bygelyks. Manlju, froulju en baby’s mei in wite hûd sûnder pigmint wurde ûntfierd en fermoarde. Earms en skonken wurde har ôfhakke soms as se noch libje, ja, soms as se noch libje. Har wurde de bonken, it hier en fleis fermeald en ta geloksdrankjes broud en tsjoend en foar grou jild ferkocht troch medisynmannen. Ik lies dit op side trettjin yn in moarnskrante; op de foarside gie it oer de Brexit Brexit Brexit. De dagen dêrnei ha ik oer dit berjocht neat mear lêzen. Gjin lêzer dy’t reagearre, gjin redaksjoneel kommentaar, gjin kollumnist; neat neat neat. Is it te grouwélich? Bin ik no gek as ik wurden jaan wol oan wat ik lies? © Willem Abma
nee willem; bist net gek