Sûgen en oksen

Op ferkiezingsdei it twadde moannegedicht fan Simon Oosting, yn maaie Dichter fan de Moanne by RIXT.

Sûgen en oksen

Hy wit fan it patroan dizze lieder fan it folk
as er seit wat beskaving ús hjit net te sizzen
mei allúzjes dy’t rustke doarren nei djippe spelonken iepenje.
Dan wit er dat syn folk deemoedich praat fan ja ja ja
en tinkt dat er seit wat se hearre wolle
en dat de oaren ferbjustere en dûm en lilk
wêze sille en oeral en oerenlang petearje.

Dat er dan sizze kin dat er gjin frijheid hat om te sizzen
dat men net harkje en lêze kin
dat it wurden binne sûnder ramt
dat er der net fan witten hat.

Ja ja ja sil men dan wer knikke.

En de oaren as sûgen en oksen
brochten it sied fan it túch oer it lân.
Better bouwe se in sterk gewaaks
dat túch gjin romte jout
en swije se dy lieder yn ‘e lijte.

Wêr wie hy?

Hjoed, wylst Ajax de kop der wer by skuorre moat, in light verse fan Syds Wiersma oer it drama fan ôfrûne wike, dat yn him in earder trauma losmakke.

 

Wêr wie hy?

Cruijff koe net kieze, siet dêrboppe al
oer Ajax-Barça te kedizen, hie der
nachtmerjes fan en rúzje mei de bal,
lykas yn '74 doe't hy, de grutte lieder
de leie kwyt wie und das Spiel ferlier.
En no de Tommies dy't him skonkjebrekke.

Earst Anfield dêr't de koaren wittefier
- you 'll never walk alone - Messi delstekke.
Mar dan de grutste oplawibus thús:
Arena healwei wis hast fan finale
sjocht âljend Lucas Moura liepe lús
in hattrick skoaren, eagen achter sjalen.

De geast fan Cruijff, dy sânde, achtste maaie
wie út 'e flow en koe mar herten feie.

© Syds Wiersma

Wizer de hope foarby

Simon Oosting is ús dichter fan de moanne maaie. Hy ferbliuwt dizze wiken yn ’e skriuwersarke op de Feanhoop. ‘De fûgelwacht-ôfdieling Nij Beets/De Feanhoop hie it jierferslach 2018 yn de bus dien. Ik lies dat de sifers oer it tal greidefûgels alderferskuorrendst min binne. En myn eigen ûnderfining haw ik yn it taheakke fers beskreaun.’

Wizer de hope foarby

It Feanhoperlân leit yn grut ferskaat Greiden net-meand
en meand oeral sompige mieden en rûnom stiltelân
It wetter is skjin de loft berûn mar fol fan fûgels Alle
guozzen seach ik en sels slykwilsters en in inkelde leppelbek
en se sizze dat de see-earn yn ’e Alde Feanen piken hat

Hieltyd fierder hieltyd hurder gie ik op myn fyts om te finen
Mar yn trije lange dagen trije ljippen en it skries-skries-skries
hearde ik allinne fan efter de beammen De ljippen wiene wyld en
sloegen net op de swarte krieën En dy iene skries koe ik net sjen

Ik besleat ta in dei fan rou
Noch ienris tinke dat se oeral wiene
de maitiid werom komme lieten

En dan nim ik it ferlies en sil ik swije
want kleie betsjut hoopje
Swije is witte fan de hope foarby

De Feanhoop, maaie 2019

Stil

In gedicht fan Anne Heegstra oer konsintraasjekamp Ravensbrück, dat se in pear jier lyn besocht. It frouljus- en bernekamp leit boppe Berlyn oan in idyllysk marke, mei oan de oare kant it stedsje Fürstenberg/Havel. Tusken 1939 en 1945 waarden yn Ravensbrück de finzenen, ek út Fryslân, ynset as twangarbeider foar it meitsjen fan SS-unifoarms en foar de Siemens fabriken.

Stil

fan tûken, keal en neaken
dript hert-ritmysk de ellinde
om't hàrren wêzen west hat
wylst sy noch altyd binne

fertrape bernelûden skrieme
yn kriezjende sintels
en it stikeltried dat gûlt
om ferfleine libbens

safolle sielen, sa oerweldigjend
hinget harren lûdleas razen
foargoed yn ferneatige stilte
fan Frauenlager Ravensbrück

© Anne Heegstra

hoe hâld ik fêst wat my ferlit

In nij gedicht fan Willem Abma. Dit seit er der sels oer: “By it âlder wurden, leit it ûnthâld ûnder fjoer. Ik sjoch it om my hinne en ik merk it sels. Reflektearje, lit stean skriuwe as âldere oer it ferskynsel fan ferjitten, der sit wat paradoksaals yn. Ik ha it besocht te dwaan mei in fers.”

hoe hâld ik fêst wat my ferlit

mei ik de pinne noch tille en skriuwe
as ik net by my hâld wat ienris djip yn it ûnthâld
no djipper noch yn ferjitnis bedobbe sit
en taast en rik nei nammen dy’t ik net mear wit.

by it fallen fan ‘e jûn sjoch ik de fûgel op in tûke.
hy teart de wjukken op wurdt suver wei yn ‘t blêdte.
de fûgel sliept en ik doch ek de eagen ticht en slûgje.
ik dream en lis wat my ûntsketten is ûnder syn wjukken
tsjin in hert dat kloppet en druk him súntsjes tsjin my oan.

by it lemieren fljocht er de beam út,
wat ik by him dellei, fljocht mei him mei.
wat my fergetten is, sil my yn fûgelflecht ûnthâlde.

© Willem Abma

Oer kanarjes

Hjoed it twadde moannegedicht fan ús dichter fan april Gerrit de Vries.

 

 

Oer kanarjes

eartiids yn de koalemyn
hong in koaike yn de galerij
siet efter traaljes in kanarje

koalmonokside
tekoart oan soerstof
myngas wie in gefaar

de mynwurkers wisten
as it fluitsjen ophold
dat der wat net doogde

beppe hie twa kanarjes
Piet en Jubel
oant op in dei de boarre
hja fuorre Piet sjongsied

sêd siet er te jubeljen
op syn stôk
doe’t beide âld wienen
foel er dêr ôf

in skries huft him
de snaffel stikken
siket nei iten
dat der net langer is

op de útdrûge grien
monotoane hûngerpôle
draaft in pyk op ‘e flecht
him út de liken

doch mar krekt
as is alles yn oarder
in greide is gjin koalemyn
in skries is gjin kanarje

Iepen Joadske Huzen / Huzen fan Ferset

Hjoed yn Ljouwert is it Open Joodse Huizen/Huizen van Verzet. It evenemint begjint fanmiddei om 13.00 oere by it Vossepark. Dêr wurdt in ynfopaniel ûnthuld ta oantinken oan de tsien Ljouwerter Joaden dy’t op 11 april 1942 weifierd waarden. Hjir fine jo it programma fan Open Joodse Huizen fanmiddei.

Doe’t Syds Wiersma yn maaie 2018 dichter fan de moanne by RIXT wie, skreau er it gedicht Noardersingel 58. Dat is it hûs yn Ljouwert dêr’t Aron Dwinger wenne. Aron Dwinger wie ien fan de tsien foaroansteande Joadske manlju dy’t de SD oppakke liet, nei’t in skoaljonge yn ‘e nacht fan 10 op 11 april fiif buordsjes mei ‘Voor Joden verboden’ by de yngong fan it Vosseparkje weihelle. De manlju waarden oerbrocht nei kamp Amersfoart. Fan de tsien komt gjinien werom. Aron Dwinger stjert oan in hertstilstân yn kamp Amersfoart. De oare njoggen komme om yn de ferneatigingskampen. It ferhaal oer dy tsien earste martlers fan Ljouwert, sa’t se neamd wurde, kinne jo hjir neilêze yn in artikel fan Auke Zeldenrust yn de Ljouwerter Krante fan freed 19 april. 

Hjir fine jo it gedicht Noardersingel 58