Hjoed it twadde moannegedicht fan Edwin de Groot, ús dichter fan de moanne maart. Sels seit er deroer: ‘Polariteit is prima. It makket dat it ljocht brânt, molekulen ûntstean en bestean kinne en de ierde beskerme is tsjin de sinnewyn. Mar as it yn de hollen sit fan minsken, wurdt it oars. Dan jildt it eigen gelyk en inkeld it eigen gelyk.’
Spesjaal foar Thierry Baudet en syn nijkommers yn Provinsjale Steaten skreau Syds Wiersma in wolkomstgedicht. Foar de feroaring en foar de wissichheid in Nederlânsktalich gedicht. De reden wurdt fermeld yn it gedicht.
Hjir folgje twa gedichten dy’t Heitelânsdichter en Rixt-dichter Tsead Bruinja skreau nei oanlieding fan de oanslach yn Christchurch en de deadlike sjitpartij op it 24 Oktoberplein yn Utrecht. De Fryske oersettings binne fan Geart Tigchelaar en Syds Wiersma. ‘Zijn we er klaar voor’ waard publisearre yn de NRC. It stiet ek op Tsead Bruinja syn webside, lykas it twadde gedicht ‘En dat kan maar de wereld is veranderd’.
De útslach fan de Provinsjale Steateferkiezings wie de teloarstellende kant neist, fynt dichter Geart Tigchelaar. It fers dat earder op Ensafh stien hat, is dêrom hjir yn justjes wizige foarm opnommen.
by de earstfolgjende krusing rjochtsôf
de swolm mei gelokkige fiskjes swimt
him yn soppige ieren troch rotsjend fleis
dêr’t de poat op in gewillige krún lein wurdt
glimket it holtsje mei safolle tagedienens
skulfers út syn mouwen rûgelje rûnom
dêr’t er komt sjonge de muorren syn lof
de fiskjes lizze kwea kaviaar yn skroatum
roppich slikje wy ús fernoege om ’e mûlen
In jonge man wurdt him bewust fan syn individualiteit en syn te spyljen rol yn de maatskippij. Mei dy bewustwurding komt ek it ûnderstelde ynsjoch dat feroarings yn de maatskippij fan ûnderop komme.
skuorren folgje it túch
roppich en stjerlik
ûnder in loft goudbrune tosken
skuorren folgje it túch
hillige offerjefte
tsjerken fan de dea
– delbaarnd
sjoch de kimen
klim út it ferline
skuorren folgje it túch
bist skutter, hast in taak
draach in kroan en in masker
wêr’tst ek giest:
gean allinnich
skuorren folgje it túch
Tsead Bruinja is de nije Dichter des Vaderlands. Hy waard op 23 jannewaris 2019 ynstallearre. Tsead sit ek by RIXT. Dêrom like it ús moai om de gedichten dy’t er as Heitelânsdichter skriuwt yn Fryske oersetting ek op de webside fan RIXT te publisearjen. Hjir it twadde DdV-gedicht fan Tsead. De oanlieding is de klimaatmars fan hjoed. De Fryske oersetting is fan Geart Tigchelaar en Syds Wiersma.
Trinten as in flinter
ik woe dit gedicht striidber begjinne út myn linkse bubblicious bubbel wei
de kliber ûntkenners bangeskiters en jaknikkers in bytsje narje
en de befleine skoaltsjeskûlers noch wat opstoke mei
jimme soene net thús bliuwe moatte wylst wy marsjeare
jimme soene net braaf petysjes diele moatte en algoritmes fuorje
jimme soene net dat mobyltsje opkrije moatte om ta te sjen
hoe’’t oaren op twitter of instagram har ynsette foar jim takomst
oer seis jier fret it hiele ynternet in fyfde fan alle stroom
de rest wurdt fergriemd oan djipfriezers dêr’t moalwjirmen en seewier
kâld holden wurde om letter troch in 3d-printer
as bloedreade steak op dyn board dropt te wurden
it komt allegear goed
ik woe dit gedicht begjinne mei de wurden fan in jonge marsjearder
dy’t as salescoach grutsk lieding jout oan in tiim fan donaasjebellers
hy seit dat minsken emosjonele wêzens binne en dat de neef fan freud
dat prinsipe al krêftich ynset hat yn de jierren tweintich
hy makke smoken seksy foar froulju en stie oan ’e widze fan de reklame
fan him learden wy te langjen nei guod dat wy net noadich ha
bussen fol pakketsjes meitsje ús stoepen no ûnfeilich
dat is goed tsjin de wurkleazens
goed foar de keapkrêft
ik woe dit gedicht striidber begjinne
nei’t ik nei gil scott-heron harke hie
de rapper dy’t yn 1970 rôp dat de revolúsje net op telefyzje komme soe
ik kaam net folle fierder as
de demokrasy is net fan it skerm mar fan ’e strjitte
de demokrasy hat gjin stjoertiid noadich op in barkruk by de wereld draait door
de demokrasy hat dyn stimme en fuotten noadich
bemuoi dy dermei bûten it stimhokje om
driuw drystmoedich troch
want alle politisy ha in mailadres
en m.rutte@tweedekamer.nl lit dy gjin plaatsjes sjen
fan patrys toarteldo wylp of waarlamke
hy lit dy syn tosken sjen (of syn fûsten)
as in gorilla dat docht bedoelt er it net ferkeard
wês in earkrûper trinten as in flinter
om dyn tsjinstanner hinne stek ta as in bij
ik woe dit gedicht ôfslute mei de ein fan ’e tiid
kinst net tomkje op facebook
mar ik woe jim de advertinsjes net ûntsizze
ik woe jim wat freegje
jou jim bern in wrâld dêr’t se bern yn doarre te krijen
jou har noeden omtinken
jou har tiid
Hjir it gedicht dat RIXT-dichter Henk Nijp spesjaal skreau foar Ús Festival yn Easterwierrum en juster by it festival foardroech. It
gedicht dat Aggie van der Meer foar itselde festival skreau en
foardroech, pleatse wy sa gau mooglik.
Foto: Udo Ockema
Easterwierrum
der leit in doarpke yn ’t grien tusken Aldfeart en de Dille
dêr kin’ de minsken mei-inoar in protte tille
in âld buert ienris yn ’e knipe, moast om rommer plak
de buorskip waard fertôge; balke, stien en allemans dak
iensum stiet dêr inkeld noch in toer, hy hâldt de wacht
oer doarp en pleats en hôf, by dei en yn ’e neare nacht
by ’t winter keal en grau; in huverige hoeke
yn ’e maitiid mei helder ljocht, it nije grien oan elke tûke
in paradys gelyk, mar hoesa foar ‘tevredenen en legen’?
de holle leech en rommer sicht, wa komt dat net gelegen …
even los fan sleur en waan, it aldendeisk rumoer
it bliuwt fan wearde, dat plak, it hôf en dy ‘âld toer’
oer Tsjerkebuorren werom nei ’t Altenburg- en Boersma-laach
dêr freegje: ‘fan wa bin’ jo ien?’ is wat in frjemde fraach
it antwurd leit al yn himsels besletten, is fan gjin belang,
it is al jierrenlang itselde en bliuwt dat grif noch iuwenlang
want folk is hjir honkfêst, fergroeid mei grûn en loft en freon
hjir giet men foar de neiste troch it fjoer, al lôget dat ek gleon
gjin ûntkommen is der oan, Do Komst! sûnder dy kin’ wy net begjinne
keatse, korps, toaniel, it koar, simmerdeis de merke; dêr móatst hinne
de escape-room, kaarte by de soos, biljerte, Rutgers yoga en it berne-iepenloft,
fertier by ’t soad; it liket wol as hjir de boel ûntploft!
Mar yn ’e smûke pluktún oan de Swette ûnder ’t skaadzjend beamtegrien
ha jo kar út swellen, griente, rêst en blomkeguod fan afrikaan oant balsemyn
Hynstewaad, Tysker, Fôlefinne nammen dy’t wat de rook ha fan histoarje
– al hawwe tiden tiden- stiet it doarp der altyd noch yn folle gloarje
mar fan ’t fossile moatte wy no hast wol ôf, sa wie de redenaasje
sa rint men hjir no enerzjyk foar de troepen út mei EKE, ús koöperaasje
ynkoarten op elk gebou en hûs noch sa’n swart panielen dak
dan hellet Easterwierrum it jier 2040 mei gemak
mar de Mounestrjitte sûnder mûne, in leech kafee, tsjerke gjin pastoar,
de smid hat inkeld noch in etalaazje, dochs Bootsma hâldt noch kantoar
en Sypersma’s garaazje…; no mei wasserette anneks poetsgelegenheid!
Ids lasket benei de fonken út ’e klompen, brûst fan kreativiteit
sa as it tsjerkebier aanst skommet oer de glêzen, wurdt hjir it libben libbe
it doarp, de minsken foar en mei-inoar, sa tige nau besibbe…