In fisueel en aktueel gedicht fan Geart Tigchelaar
Efkes op it plaatsje klikke foar in grutter byld.

Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
In fisueel en aktueel gedicht fan Geart Tigchelaar
Efkes op it plaatsje klikke foar in grutter byld.
It earste moannegedicht fan april, fan Tsjisse Hettema

Lentegedichien
vandaege is d’r een vlinder
op mien gemoed
daele streken
hi’j laot de slotten eupen breken
van mien winterse kertier
en toen et eerste zunnelocht
naor binnen sleup
en ik verrast
naor buten leup
mien boemzend harte
drieft de spotte
mit mien pepieren
gekwattel
van vlinderlicht gewicht
doe raekte ik daonig
van ’e wies
mien wanstaltige buuk
en mien luzebossien haar zo gries
zo gries
In aktueel gedicht fan Gerrit de Vries
De Fryske Akademy hat in wurdlist opsteld mei frekwinte wurden dy’t te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak.

2020_koroanawurdlist it bist moat wol in namme ha hoe skriuwst de deadsoarsaak corona korona koroana wylst minsken stjerre by boskjes bist dwaande (komt it troch de thúsbliuwplicht?) mei de begripelist om de ramp te dokumintearjen fan oanhoastje oant swarte faze (de) in wurd foar dit synisme haw ik noch net fûn
In aktueel gedicht fan Kate Schlingemann

mensen je ziet ze nog zelden de laatste tijd binnen, buiten alleen maar wel vaker steeds nieuwe apen en beren op de weg en kinderen die daar op jagen * minsken sjochst se komselden noch de lêste tiid binnen, bûten allinnich mar wol faker hieltyd nije apen en bearen op ’e dyk en bern dy't dêr op jeie Oersetting Syds Wiersma
Simen de Jong is nei alle gedachten de earste Fryske skriuwer, dy’t it Korona-firus skipe hat. Aldergeloks betteret it al wer aardich. De Jong skreau in haikû-syklus oer syn wjerfarren.

Foar korona kloatekorona ik wol net mei dy op bêd mar do harkest net iiskâlde hjitte flinters fuort en de fûgels sûnder sangen lam benei tolven al stroffelet der in routôch stil yn eigen fal wy slute ús op om inoar net foar jimmer misse te moaten
It tredde moannegedicht fan maart fan Carla van der Zwaag

PrrrrrTuuuu PrrrrrTuuuu Ien twa PrrrrrTuuuu ien twa of is it prrrrtieee ik kom der mar net efter it lûd wurdt al wer ynhelle troch in oar lûd Puumpuumpuum Puumpuumpuum in hammer slacht my yn de breinpanne om folge troch in trein dy’t myn iene ear yn rydt in rûntsje makket troch myn holle in ambulânse rydt dêrnei mâlgûlend fan kwabbe nei kwabbe Br br br Br br br myn tosken klepperjen lippen trilje sêft as de drilpudding dy’t ús mem eartiids op tafel sette mei myn gebit stiif opinoar betink ik bytiids lit los lit los lit alles los en ik ûntspan efkes oant de drilboar syn wurk begjint Trrrrrrrr trr trr trr it liket wol oft ik by de toskedokter yn ’e stoel sit efter yn myn mûle slok ik omraak flibe de jokte yn fuotten, noas en yn ’t hier besykje ik der mei myn geast ûnder te krijen It kabaal wurdt mei eardoppen en Arrow Classic Rock op de headset mei wikseljend súkses te liif gien de befrijing bart rôljend út it skûlliif fan de MRI.