Simen de Jong is nei alle gedachten de earste Fryske skriuwer, dy’t it Korona-firus skipe hat. Aldergeloks betteret it al wer aardich. De Jong skreau in haikû-syklus oer syn wjerfarren.

Foar korona kloatekorona ik wol net mei dy op bêd mar do harkest net iiskâlde hjitte flinters fuort en de fûgels sûnder sangen lam benei tolven al stroffelet der in routôch stil yn eigen fal wy slute ús op om inoar net foar jimmer misse te moaten