2020_koroanawurdlist

In aktueel gedicht fan Gerrit de Vries

De Fryske Akademy hat in wurdlist opsteld mei frekwinte wurden dy’t te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak.

Screenshot wurdlist

 

2020_koroanawurdlist

it bist moat wol in namme ha
hoe skriuwst
de deadsoarsaak

corona
korona
koroana

wylst minsken stjerre
by boskjes

bist dwaande
(komt it troch de
thúsbliuwplicht?)
mei de begripelist
om de ramp
te dokumintearjen

fan oanhoastje oant
swarte faze (de)

in wurd
foar dit synisme
haw ik noch net fûn

 

 

 

 

2 Replies to “2020_koroanawurdlist”

    1. ik soe it wier net witte Geart – mar my tinkt, dat se yn dit “tiidrek fan koroana” tiid genôch ha om wat oars te betinken. bekbannen meitsje is net iens sa’n min idee.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *