Et virus

In aktueel gedicht fan Tsjisse Hettema

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

Et virus

ik zat allienig op ’n plein
en lichte un peer tegels deruut
mien voeten grevend
in ’t opdreugend zaand
wottels kwammen bloot te liggen
un filigrein petroon van mien opsleuten leven

un mollerille
un spoor dwasover noar ’n sienematografies beeld:
voor mien neus
un middelieuwske krudekappe
as ’n snaevel die de raffelege woarhied
eupen pikt

 

Covid-19

It twadde moannegedicht fan maart fan Carla van der Zwaag

Tekening: Carla van der Zwaag
Covid-19

Ik sjoch de wrâld
ferfoarme troch eachwetter
wylst it foarjier
blêdsjes útteart.

Ik sjoch in sweltsje
twinkeljend yn skjinne loft
sy bout har nêst ûnder ’t ûleboerd
hâldt nearne skoft.

Ik hingje efter boereploech
in kritende mok allyk
klamp my fêst oan de foaroanman
dy’t yn wrimpen grûn de fuorgen lûkt.

Ik rin yn in lege ferfrjemdzjende stêd
yn ’e winkel tôgje ik myn karre fol
mei iten en húskepapier
as wie it goud.

Ik ferfang tuten troch earmtakken
hâld ôfstân fan hjir oant Tokio
myn bûsboekje is leech
myn holle net.

Ik wit net hokker kleed ik oer my krij
mar besykje mei hantsjeklap
geasten te ferjeien en
helpferlieners te stypjen.

Ik bin it berntsje yn de groppe
heit en mem binne fier fan hûs
ik kin se net beroppe
– yn stillens wachtsje ik thús.

 

Twa sonnetten fan Peter Vermaat

Twa aktuele sonnetten fan Peter Vermaat

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

de grote onrust

het is niet voor te stellen dat er buiten 
je vissenkom geen water is noch vis
het zelfverwijt van het gedeelde glas
’t ongeloof en het sluiten van de luiken

de straten zijn apocalyptisch leeg
wie gister nuchter was heet nu nalatig
het wachten begint, hoever waait de wind
de laatste wiet gescoord nog in een steeg

de terrasstoelen worden opgeruimd
en open flessen mogen leeggedronken
geen minaret die roept noch klokgelui

een vinger naar de vleermuis en de kat
't opspattend bloed, de slagers van de markt 
de grote onrust, ’t zwerven naar contact

de grutte ûnrêst

it is net foar te stellen dat der bûten
dyn fiskekom gjin wetter is noch fisk
it selsferwyt fan ’t dielde glês
it ûnleauwe en ’t sluten fan de lûken

de strjitten bin’ apokalyptysk leech
wa’t juster nofteren wie hjit no neilittich
it wachtsjen begjint, hoefier waait de wyn
de lêste wiit krekt skoard noch yn in steech

de stuollen op ’t terras boartsje ferside
en iepen flessen, drink se no mar leech
gjin minaret dy’t ropt noch kloklieden

in finger nei de flearmûs en de kat
’t opspattend bloed, de slachters fan ’e merk
de grutte ûnrêst, ’t swalkjen nei kontakt

oersetting: syds wiersma


een wedloop

nu vallen ze om de een na de ander
de krullenkop voorop, een polonaise
de nar die virologen ’t virus wenste
de helden uit het skioord worden banger

de man die hoopvol iedereen zou redden
die nachten doortrok tot hij niet meer kon
ook hij zeeg neer, men draait grafieken los
vermeerdert koortsachtig het aantal bedden

het haar laat men maar noodgedwongen groeien
gebitscontroles worden opgeschort
ladders beklommen voor een laatste groet

vertwijfeld drinkt de waard zijn voorraad op
hij ziet een wedloop voor zich zonder finish
plots roept hij luid ‘je krijgt mij niet kapot’


in wedrin

no falle se om de ien nei de oar
de krolkop hy foarop, in polonêze
de nar dy’t firologen ’t firus winske
benaud bin’ no de helden út it skyoard

de man dy’t hoopfol tocht, ik kin jim rêde
dy’t nachten trochgie oant er net mear koe
hy siigd’ ek del, grafiken wurde losdraaid
it koartsige fermearderjen fan bêden

it hier dat litst fan need mar fierder groeie
gebitskontrôles wurde einen opskood
ljedders beklommen foar in lêste groet

ferweesd drinkt de kastlein syn foarrie op 
hy sjocht in wedrin foar him sûnder einstreek 
dan raast er hommels ‘krijst my net kapot’

oersetting: syds wiersma




 

 

Oarden fan No-Go

In aktueel fers fan Syds Wiersma

Foto: Syds Wiersma

 

Oarden fan No-Go

ik bin der op klear
ik bin it wend
om in wike of mear
yn lockdown te gean
it is myn habitat as dichter

mar mocht it safier komme dat
alles falt yn it slot
en wa’t de doar út wol
earst in ferklearring
fan wêrom, hoelang en wêrhinne
uploade moat

dan rin ik de frontliny yn
de útbonke diken
de grêfstimming yn wiken
it jûkjend blombekjen yn tunen en parken

want as poëzy earne wêze wol
dan is it
ûnbewapene
yn de oarden fan No-Go

also
schreibe ich in friesischer Sprache
und in Großbuchstaben
meinen eigenen Ausweis:

IK BIN DICHTER
MYN WRÂLD LEIT OP ’E DYK
GJIN PANYK
IK KOM NET TICHTERBY
AS IT BYTSJE DISTÂNSJE
DAT FERSEN FAN KWIZEKWÂNSJE
NO IENKEAR FREEGJE

of effektiver miskien:

TREK U TERUG
IK HEB EEN LICHTE KUCH

Firusfrij

Nij, aktueel gedicht fan gastdichter Martsje de Jong.

 

Foto: Geart Tigchelaar
Firusfrij

Freed noch frege de jongste
Wannear ha wy wer ris fakânsje
Altyd mar nei skoalle, jou my frij.
Se kochelet.

Wat yn ’e frede wolst
Te fakânsjefieren
Yn maart? Foarjiersfakânsje
Wie it yn febrewaris ommers noch?

Se kochelet.
In earstejiers middelbere skoalle
Mei de puberhormoanen
Oant achter de earen. En har nocht.

Foarmet de snotnoas foar har
De escape? De flecht
Fan fierstefolle ferplichtings?
Se kochelet.

Fjouwer dagen fierder
Fryslân hat frij
In soarte fan algehiel froastferlet
Frij! ropt se. Frij! Elk hat firusfrij.

grêftegurdlegedicht mei djoer iten

It nijste gedicht fan Tsead Bruinja yn syn funksje as Dichter des Vaderlands.

grêftegurdlegedicht mei djoer iten

nei it inoar net omearmjen en it besprekken
fan it inoar net omearmjen
nei de vitello tonato de saltimbocca
en it fjouwertal glêzen wite wyn
dy't it petear mei de 87-jierrige freondinne
oer it wol of net trochgean mei publisearjen
ast op leeftyd bist en faaks net mear
beskikst oer de skerpste pinne
oerrinne lit
yn it ferlykjen fan ferealens
it ferskil yn temperamint

nei de ekstra limoncello
dy’t nei de limoncello fan it hûs
noch besteld wurde moast
oan ’e ein fan it petear
datst yn earste ynstânsje ôfblaze woest
om dyn drûge kiel
sjochst de freondinne oan dy’t betelle hat
foar dyn iten

krûpst har even oan in tinne tút op ’t wang
en begjinst dy daliks te ferûntskuldigjen
se wiuwt it wei en seit yn in sydstrjitte fan de jordaan
dêr’t fytsen krekt wat te deun opinoar stean
ik tink dat ik wit watst bedoelst

yn de heallege tram nei hûs giet it troch dy hinne
it hat my raar te pakken
dit geprakkesear

mar noch net stevich genôch


© Tsead Bruinja
Oersetting: Syds Wiersma

It orizjineel kinne jo hjir fine.

Firusnijs

Ofrûne wike kaam Syds Wiersma by syn buertkroech op ‘e hoeke en dêr ûntstie ûndersteand gedicht.  Yntusken binne alle kroegen ticht.

Foto: Syds Wiersma
Firusnijs

De baas fan it buertkafee
Sit foar it earst dit jier
Bûten yn it sintsje
Te krantlêzen

Der wurdt driuwend oanret
Us sosjaal te ûnthâlden
Us behâld is asosjaal

Foar it kafee oer
Fluitsje de foegers fan it gevelbedriuw
Op in deuntsje út in piraat

I need more of you

De ûnderskonken fan de kroechbaas
Wibelje mei op ’e maat

Gjin fluit te dwaan
Gjin spaan oer it skûm
Gjin pubkwis jûn

It ferrin hâldt even yn en teart
In keunstige karantêne om him hinne

Op it krytboerd syn deihap fan hjoed:
Lever mei spek en húsmakke
Mascarponetaart

En wa’t komme doart
Frij drinke uteraard


© Syds Wiersma