DC … en tichterby/DC … en dichterbij is de nijste, twatalige bondel fan Simon Oosting. DC? Dat is Washington DC dêr’t Oosting in skoft wenne hat.
Net allinne DC en oare fiere streken komme oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop. Dêr hat Oosting in searje gedichten oer brêgen makke. De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee, it troch Homerus skreaune klassike gedicht oer de reis fan Odysseus fan it eilân fan de nimf Calypso nei syn thúslân Ithaka.
De bondel ropt de lêzer op om de Homeryske reis mei de dichter oan te gean, mar úteinlik foaral om de reis fol ferwûndering yn en foarby de werklikheid te meitsjen.
Dichtbondel DC… en tichterby/ DC … en dichterbij fan Simon Oosting.
De bondel DC … en tichterby/ DC … en dichterbij is te keap by de Afûk foar € 17,50.
Op 3 oktober 2020 wurdt de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei dichter Elmar Kuiper syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere yn Jorwert.
Yn ’e oanrin op de presintaasje wurde op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes pleatst. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om op it sosjale mediaplatfoarm te pleatsen. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is. Publyk dat ornaris net gau yn oanrekking komt mei poëzy.
‘Troch Dichterskolletyf RIXT bin ik der efterkommen dat poëzy, hielendal proazapoëzy, him goed presintearje lit op de sosjale media en poëzy sa tagonklik makke wurde kin foar in breed publyk .’
De bondel, útjûn by Hispel, is Tigchelaar syn earste mei allinnich proazagedichten. Prozaysk fan styl, mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.
Foarkant Ommers, opmakke troch Jelle Post.
Wat: foarpublikaasje Ommers Wêr: Instagram, akkount @ om.mers Wannear: fan woansdei 26 augustus ôf
Bondelpresintaasjes Ommers en Wite Mûle, Swarte Molke op 3 oktober, Jorwert
Dizze hjerst sette der meardere kursussen útein by Tresoar, en wy binne tige wiis dat dêr ek de earste poëzykursus organisearre wurdt troch Dichterskollektyf RIXT!
Dy fiif betûfte RIXT-dichters sille ferskate ûnderwerpen oansnije, lykas poëtyske eleminten, metafoaren, klisjees, fisuele poëzy en foardracht.
De kursus wurdt holden yn de mande mei Tresoar fan ein septimber oant ein novimber. Troch koroana is der in maksimum fan dielnimmers steld en is de kursus dêrtroch folslein beset mei RIXT-dichters.
Eardere kursus, FeRsefariaasje, by Tresoar. Foto: Tresoar
Dichterskollektyf RIXT mei in nije dielnimmende dichter ferwolkomje: Janna van der Meer.
Nei in skoft bûten Fryslân wenne te hawwen kaam se werom yn it heitelân en brocht se yn 2017 har earste Fryske dichtbondel út, Wêzen. Kinst hjir sjen op har RIXT-profylside om mear oer Janna te witten komme én har gedicht ‘skepsel’ te lêzen.
It trochjougedicht ‘De bui’ is ôf! Op de Skriuwersarke by De Feanhoop hawwe in wike lang twatallen RIXT-dichters mei-inoar wurke oan it gedicht, dat begûn mei de ‘Rigel fan Rink’:
‘De mar nimt de bui net’
De dichters dy’t oan it gedicht wurke hawwe binne:
Wy wolle alle dichters tankje foar harren entûsjasme, gearwurking en kreativiteit! It hat in prachtwike west op it Arkje mei in slagge en poëtysk resultaat!
Yn dy wike wie Geart Tigchelaar oanwêzich as gasthear en fotograaf. Alle foto’s hjirûnder binne fan syn hân.
Rein de Lange en Janneke SpoelstraJanneke SpoelstraJanneke Spoelstra en Rein de Lange
Edwin de Groot en Kate SchlingemannKate SchlingemannEdwin de Groot mei Ype
Anne Heegstra en Simen de JongSimen de Jong en Anne Heegstra
Tialda Hoogeveen en Carla van der ZwaagCarla van der ZwaagTialda Hoogeveen
Ypie Bakker en Tsjisse HettemaTsjisse Hettema en Ypie Bakker
Syds Wiersma en Dirk GeerdinkSyds Wiersma en Dirk GeerdinkDirk Geerdink en Syds Wiersma
Jan Kooistra en Yva HokwerdaJan Kooistra
Smûke ôfsluting yn kafee MarktzichtSmûke ôfsluting yn kafee MarktzichtSmûke ôfsluting yn kafee MarktzichtSmûke ôfsluting yn kafee MarktzichtSmûke ôfsluting yn kafee MarktzichtSmûke ôfsluting yn kafee MarktzichtSmûke ôfsluting yn kafee Marktzicht
Foar it mooglik meitsjen fan de ‘Rigel fan Rink’ wolle wy tanksizze:
Stifting FLMD en it Fryske Gea foar it beskikber stellen en klearmeitsjen fan de Arke foar RIXT;
Omrop Fryslân foar it deistige tillefoantsje mei de dichters;
In prominint plakje foar poëzy yn it Frysk Deiblêd: hjoed stiet Dichterskollektyf RIXT op de foarside mei de ‘Rigel fan Rink’ en it trochjougedicht ‘De bui’.
Dichterskollektyf RIXT mei de ‘Rigel fan Rink’ op de foarside fan it Frysk Deiblêd, 8 augustus 2020.
“Yva Hokwerda en Jan Kooistra oan it dichtsjen op de Skriuwersarke fan Rink van der Velde by de Feanhoop. Tegearre leine sy yn de sinne de lêste hân oan it gedicht De bui dêr’t de ôfrûne wike yn totaal fjirtjin dichters fan dichterskolletyf RIXT in bydrage oan leveren. Yn twatallen skreaunen hja hieltyd in strofe op de Skriuwersarke. Dichter Cornelis van der Wal trape as fyftjinde dichter dêrfoar earne oars al ôf mei de earste strofe. It resultaat wurdt hjoed yn it bywêzen fan de dichters presintearre en foardroegen yn kafee Marktzicht yn Drachten. It gedicht is ek te lêzen op de webside fan it kollektyf: www.rixt.frl.”
It gedicht is te lêzen op RIXT en jûn wurdt it foardroegen yn Kafee Marktzicht, de âlde kroech fan Rink van der Velde yn Drachten.
Hâld der wol rekken mei dat der beheind plak is fanwegen de maatregels en feiligens!
De wike op ‘e Arke rint hjoed nei de ein en dat betsjut ék de lêste strofe foar it trochjougedicht, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.
Fan 1 oant en mei 7 augustus hat Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde sitten. Alle dagen kaam der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurden is.
Foto: Geart Tigchelaar
Hjoed hawwe dichters Yva Hokwerda en Jan Kooistra by it Arkje as lêste pear it trochjougedicht ôfsletten mei de einstrofe.
‘We hawwe der ek wol even op omkôge, mar dat moat!
Mar it wie gjin swiere befalling, it wie leuk!’
Yva Hokwerda en Jan Kooistra oan it wurk op de Arke. Foto: Geart Tigchelaar.
Harkje hjir nei it lêste deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân foar de ôfsluter! Yva komt om 15:43 foar de tillefoan, Jan lêst it gedicht sa’t it wie foar en Yva hat de eare om de lêste strofe foar te dragen.
Jan Kooistra en Yva Hokwerda wurde belle troch Omrop Fryslân – yn de wurkkeamer fan it Arkje. Foto: Geart Tigchelaar
Ek komt Geart Tigchelaar oan de tillefoan, mei’t er de hiele wike foar de dichters soarge hat mei kofje, tee, wat lekkers en de nedige stipe! Ek hat er de wike fêstlein op byld, sadat wy alle dagen wer in moaie yndruk krigen hoe’t it op it Arkje wie. Geart is te hearren om 15:50 oere.
‘It is just wol hiel aardich om de minsken mei inoar yn ‘e kunde komme te litten en dat is hiel moai útpakt! […] Eins allegearre seine de dichters: dit is foar werhelling fetber, dit kin takom jier wer!’
Geart Tigchelaar dizze wike op de Arke. Foto: Janneke Spoelstra
Omrop Fryslân hat ek oer de wike skreaun en it gedicht taheakke: