Rigel fan Rink [dei 6]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt,  dat de namme ‘De bui’ krigen hat.

Foto: Geart Tigchelaar

Hjoed hawwe dichters Dirk Geerdink en Syds Wiersma by it Arkje oan harren strofe wurke.

‘Wy moasten it petgat op mei Foekje om
de lêste trije wurden te finen.
En we hawwe se fûn!’

Syds Wiersma en Dirk Geerdink oan it wurk op it Arkje. Foto: Geart Tigchelaar

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân om it groeien fan it trochjougedicht te folgjen. Om 15:43 oere komt Syds oan it wurd, dêrnei lêst Dirk de nije strofe foar.

Dirk Geerdink en Syds Wiersma komme werom mei Foekje én de lêste trije wurden. Foto: Geart Tigchelaar

 

Rigel fan Rink [dei 5]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt,  dat de namme ‘De bui’ krigen hat.

Foto: Geart Tigchelaar

Hjoed hawwe dichters Ypie Bakker en Tsjisse Hettema by it Arkje oan harren strofe wurke.

‘It is fan ús beiden’

Ypie Bakker en Tsjisse Hettema mei in goed sin(tsje). Foto: Geart Tigchelaar

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân foar de nije strofe fan it trochjougedicht. Om 15:46 oere fertelt Tsjisse oer de dei en Ypie lêst de strofe dêrnei foar.

Ypie Bakker en Tsjisse Hettema op it Arkje. Foto: Geart Tigchelaar

Rigel fan Rink [dei 4]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt,  dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.

Foto: Geart Tigchelaar

Hjoed hawwe dichters Carla van der Zwaag en Tialda Hoogeveen by it Arkje oan harren strofe wurke.

‘Puzelje mei wurden en bylden … en it ferfolch!’

Tialda Hoogeveen en Carla van der Zwaag oan it wurk op it Arkje. Foto: Geart Tigchelaar

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân  om it groeien fan it gedicht, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat, te folgjen. Tialda is earst even oan de line, mar fanwegen in minne ferbining is se echt te hearren om 15:46 oere en Carla draacht it fers foar om 15:48 oere.

Tialda Hoogeveen ferkent it petgat. Foto Geart Tigchelaar

Rigel fan Rink [dei 3]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt,  dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.

Foto: Geart Tigchelaar

Hjoed hawwe dichters Anne Heegstra en Simen de Jong by it Arkje oan harren strofe wurke.

“Wy kenne inoar net, we wiene eins frjemden fan inoar. Dat wie in pree en ek in ferrassing!”

Anne Heegstra en Simen de Jong oan it wurk yn it Arkje.
Foto: Geart Tigchelaar

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân (om 15:41). Earst mei Simen oer de gearwurking en dan mei Anne mei de nije strofe foar it trochjougedicht.

Op it Arkje, mei Simen de Jong en Anne Heegstra. Foto: Geart Tigchelaar

 

Rigel fan Rink [dei 2]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt,  dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.

‘De nacht fan Belse Madam’, dêr’t de earste sin fan ‘De bui’ útkomt. Foto: Geart Tigchelaar

Hjoed hawwe dichters Kate Schlingemann en Edwin de Groot by it Arkje oan harren strofe wurke.

Kate Schlingemann en Edwin de Groot oan it wurk. Foto: Geart Tigchelaar

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân (om 17:40), dy’t bellet mei Edwin oer it ferrin fan de dei en fansels de nije strofe foar it trochjougedicht.

Kate Schlingemann en Edwin de Groot by it Arkje. Foto: Geart Tigchelaar

De Rigel fan Rink [dei 1]

Hjoed wie de earste dei op de Skriuwersarke!

1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Foto: Geart Tigchelaar

Hjoed hawwe dichters Janneke Spoelstra en Rein de Lange by it Arkje oan harren strofe wurke.

Janneke Spoelstra en Rein de Lange, yn boat Foekje. Foto: Geart Tigchelaar

Harkje hjir om it trochjougedicht, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat, te folgjen.

Earst (om 17:42-17-48 oere) mei Cornelis van der Wal om juster yn te heljen en even letter mei Janneke Spoelstra en Rein de Lange (om 17:52-17:57 oere).

Rein de Lange en Janneke Spoelstra oan it wurk.
Foto: Geart Tigchelaar

Omrop Fryslân bellet net allinne alle dagen, sy hawwe ek oer de ‘Rigel fan Rink’ skreaun yn it nijs.

Skermopname fan nijsberjocht op Omrop Fryslân