De bui [dei 0]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Yn augustus is Cornelis van der Wal Dichter fan de moanne. Hy hat it spit dêrôf biten troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke moarn mei fierder giet. As ‘Rigel fan Rink’ is der keazen foar: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.

It groeien fan it gedicht, dat de namme ‘De bui’ krigen hat, kin thús folge wurde, mei’t Omrop Fryslân alle dagen nei it Arkje bellet. Dat is troch de wike om 15:40 oere en yn it wykein om 17:40 oere. Dêrnei wurdt op ’e webside fan RIXT in deiferslach en de nije strofe pleatst.

Foto: Geart Tigchelaar
De bui

De mar nimt de bui net
en do joust gjin antwurd.
Boppe ús beiden driuwe
wolken dy’t gûle wolle.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *